Spesjaal makke foar dy! In superleuk ferske fan Hindrik van der Meer mei in prachtige dûns derby. Wa’t allegear meidûnsje? Renske, Mariana, Sophie, Aimy, Frederieke, noch in Aimy, Antje-Lotte, Sanne, Lyanne, Mirthe, en nóch in Amy! Dûnsmeester Niels út Snits hat de dûns betocht. Dus sjoch mar goed en dûnsje lekker mei. En ast it nei ien kear noch net hielendal kinst, dan setst it filmke gewoan wer op it begjin.
Fynst him leuk? Oare wike stiet der wer in nij ferske op. Mar hokker ferklap ik no noch net. En witst dat dit filmke aanst ek noch by Omrop Fryslân te sjen is? Yn it nije programma Sokkebalje.
Sjongse en dûnsje se!
Groetnis! Gerbrich van der Meer
Kees Kikkert
Kees Kikkert kwekt sa nuver
syn toan is lang net suver
syn mem dy kwekt him foar
hy moat by ’t kikkertskoar.
Refrein: Kwek, kwek, kwek kwek kwek!
Kwek, kwek, kwek kwek kwek!
En hjoed silsto it hearre
dan kwêkje se tegearre
non stop oant dat it sit
de nijste kikkerthit!
Syn mem seit leave jonge
wat kinsto prachtich sjonge
Do wurdst skylk de tenoar
yn it grutte kikkertskoar!
Liettekst en muzyk: Hindrik van der Meer/Kees van der Meer