Hoera foar Houtsjes!

Wa fan jim hat eartiids in ynstrumint bespile? Gitaar, fioele, blokfluit, klarinet, of noch wat oars? Miskien do wol, mar hast it al jierren net mear dien. Leit dat ynstrumint op souder te ferstofjen. En fynst dat yn dyn hert eins wol spitich.

Want ja, dy fioele. Dêr’st sa fan holdest, en faak ek net. Sa lang net mear oanrekke. Untstimd leit er dêr te wachtsjen op wat oandacht.

Dy oandacht kinst ‘m jaan, op de dei: ‘Hoera foar houtsjes!’ In muzikale ynstuif sûnder drompels. Jou dy op! Fei it stof fan dyn ynstrumint en kom op sneon 14 jannewaris nei Snits!

Gerbrich van der Meer fertelt yn it Omrop Fryslân-programma Op en Ut oer ‘Hoera foar houtsjes!’

‘Hoera foar houtsjes!’, sneon 14 jannewaris 2017 fan 12.30 oant 17.00 oere yn it Atrium oan it Oud Kerkhof 11 yn Snits. Organisaasje: Friesch Dagblad en Cultureel Kwartier Sneek.

Belangstellenden kinne har oant 22 desimber oanmelde op it e-mail adres: marketing@frieschdagblad.nl
Fan woansdei 30 novimber ôf is der ek ynformaasje te finen op www.frieschdagblad.nl.

Karen Bies
Geschreven door
Eindredacteur en coördinator Finster op Fryslân, programmamaker Omrop Fryslân.

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>