In leafde tusken de tomaten

It kulturele haadstêdjier giet moarn offisjeel los en der wurdt rûnom yn’e provinsje hurd wurke oan allegearre kulturele aktiviteiten. Ien derfan is Lost in the Greenhouse: in teater- en musykfoarstelling spile troch Orkater. De foarstelling spilet him ôf tusken de tomateplanten yn’e kassen fan Seisbierrum.

Teatermakkers en akteurs fan Orkater Geert Lageveen en Titus Tiel Groenestege keare foar de gelegenheid werom nei harren roots: Lageveen komt út Drachten en Groenestege út Warkum. It stik is ynspireard op de dea fan in jonge Poal dy’t wurke by de kassen fan Hartman yn Seisbierrum. Hy is ferdronken yn Frjentsjer.

It ferhaal giet oer in leafde tusken de Poalske Woitek, spile troch in Poalske akteur, en de Fryske Klaske, spile troch aktrise Maartje van de Wetering. Woitek is wurknimmer yn’e kassen en Klaske is de dochter fan de baas.

It giet oer de ferskate kulturen dy’t yn’e kassen wurkje. ,,De Friezen, Polen, Turkse Grieken en Roemenen’’, fertelt Lageveen. ,,Ze leven langs elkaar heen en er hangt een spanning. Toch hebben ze iets met elkaar gemeen. Ze hebben allemaal een gemis. De Polen bijvoorbeeld, zijn hier soms zo lang, dat ze een deel van hun leven van hun familie in Polen missen en voorbij zien gaan. En de Friezen verlangen terug naar de tijd dat er alleen maar Friezen werkten en dat er volop geklaverjast kon worden. Polen klaverjassen niet.’’

Foar it stik wurdt gearwurke mei de Poalske komponist Radek Fedyk en HaFaBra’s út Fryslân. Lost in the Green House giet op 13 april yn premiêre.

Geschreven door
Ik ben nieuwsverslaggever en programmamaker bij Omrop Fryslân. Ik werk veel als camjo (camera journalist) en experimenteer binnen Finster op Fryslân daarnaast als mojo (mobile journalist) door te filmen met een mobiele telefoon.

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>