Fersefilla: Besykje om josels te wurden is fan alle tiden (1)

Fryske gedichten binne yn mannich poëzijbondel te finen, mar wat foar rol spylje se yn it deistige libben? Yn Fersefilla fertelle ynwenners fan Fryslân oer gedichten dy’t har nei oan it hert lizze.

Diel 1: Jitske Stavenga út Oentsjerk, tema en proseskoördinator by Provinsje Fryslân.

Interview/tekst: Gerbrich van der Meer

Film/montaazje: Gerbrich van der Meer/ Wendy Kennedy

It fers ‘It is letter as men tinkt’ fan de dichteresse Rixt, pseudonym fan Hendrika Akke van Dorssen (Grou, 1887- Comschatte 1979) waard songen doe’t har beppe, Grytsje Stavenga-Langhout, tachtich jier waard. ,,Ik fûn it in hiel moai gedicht. Dat is doe blykber útdield en dat bledsje haw ik altyd bewarre.” It gedicht giet der oer dat minsken âld wurde sûnder dat je dat bytiden yn ’e gaten hawwe. ,,Doe’t dat fers yn 1991 foar ús beppe lêzen songen wie sy al tachtich. Ik wie doe noch jong, dus ik hie dat gefoel doe noch net, mar ik realisearre my wol dat der wat wiers sein waard. Undertusken binne we in hiel ein fierder en begjin iksels hieltyd mear te fielen dat we dochs wol in hiel ein âlder wurde. De útdrukking ‘de tiid hâldt gjin skoft’ fyn ik altyd wat recht toe recht aan, mar ‘’t is letter as men tinkt’ fyn ik in hiele moaie poëtyske manier fan sizzen.”

Benammen dat ien nei lêste kûplet dêr’t eltsenien oproppen wurdt ta syn eigen wêzen en dat jo josels wurde moatte, fynt Jitske Stavenga fantastysk sein. ,, Dat je je dan betinke dat dit fers lang lyn skreaun is, ik wit net it eksakte jiertal wêryn, mar Rixt is berne yn 1887. Dus it is echt út in oare tiid, en dan tink ik wat moai. It fers is sa minsklik, Jo moatte josels wurde. Dat stribjen hawwe minsken dus blykber altyd hân. En dêr hawwe je yn it libben de tiid foar en dat moatte je wol brûke.”

Oft Rixt yn har libben yn har libben ek harsels wurden is? Jitske Stavenga tinkt fan wol:

It lêste kûplet is neffens har ek spiritueel bedoeld:

 

Mear oer Rixt:
Rixt kaam yn oanrekking mei Fryske poëzij doe’t se yn Davos befreone rekke mei oare pasjinten út Fryslân. De ferzen fan Piter Jelles en Obe Postma ynspirearren ar ta it skriuwen fan fersen yn har memmetaal. Doe’t de dichter Jan Jelles Hof fersen fan Rixt ûnder eagen krige, moedige hy har oan om se op te stjoeren nei Onno Harmens Sytstra, dy’t yn 1913 har earste fersen publisearre. Yn 1953 krige Rixt de Gysbert Japicxpriis foar har iennichste bondel De gouden rider dêr’t sawol har betide wurk, frijmoedige eroatyske lyriek as har beskôgjend wurk yn te finen is dêr’t romte is foar twivel en berêsting.

’t Is letter as men tinkt

My rûg’len de oeren troch de fingers hinne,
ik griep de tiid as út in folle koer,
Seach ik net no en dan de boaiem skym’rjen
Wist ik net: elts eagenblik is djoer?

Wat haw ’k bedijd yn al dy lange jierren?
In hânfol fersen, dêr is it mei sein:
Ik haw, in skoalbern, tige op ’t snjit en fleurich,
wat flinterknipt en boarte op libbens plein.

It is al let; ’k sjoch de fersille oeren,
in fjild fan stjiennen, om my hinne stean.
Wat jout dat aloan mei lome wjokslach
myn tinzen oer dy toarre oarde gean?

Ik lit se saaie oer grien en pôlen blommen,
geurjend en kleurd fan waarmens dy’t ik joech
yn freonskip, en ik bin werom by harren,
waans libben ’k, lang of koart, yn leafde droech,

Eltsien is roppen ta syn eigen wêzen,
troch alle ieuwen ienich yn ’t hielal
mei eigen doel en foarm; sa moat ik wurde:
mysels, edelste kearn en klearst kristal.

It is al let, ’t is letter as men tinkt.
Wyn, waai my suver, de eagen doch ik ta,
’k Lis op ’e lúster, mocht yn dizze núnder
myn libbens greate rûzjen wjerklank ha.

Rixt (1887-1979)

 

Geschreven door

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>