Iepen Up foar alle minsken meimekoar

Iepen Mienskip, it tema fan Kulturele Haadstêd 2018, docht letterlik in berop op alle minsken meimekoar. Iepen Up is ien fan de projekten fan it festival, wêryn’t de maatskippij om ús hinne sintraal stiet. Mei de klam op frijheid en subkultueren. Sa is bygelyks oan 18 jonge keunstners en mediamakkers frege mei te tinken hoe’t de wrâld posityf feroare wurde kin en dat firtueel mei in sa breed mooglik publyk te dielen.

Iepen Up Live

Dat bart ûnder oaren op de diskusjejûnen ‘Iepen Up live’ yn muzyksintrum Neushoorn yn Ljouwert. Presintator en gearstaller Jacco de Boer stiet rûnom bekend om syn bûnte tatoos mei in kristlike boadskip. Mei de help fan jong talint oan syn side noeget hy syn gasten út om fêste patroanen te trochbrekken en mei in frisse blik de wrâld op’e nij te besjen. Dat liede earder al ta tal fan nijsgjirrige mienings oer bygelyks it gebrûk fan medisinale wietoalje. En it startsein om de mooglikheden te ûndersykjen de produksje fan dit ‘medisyn’ te legalisearen.

Doel is om yn 2018 fan Iepen Up in moetingsplak te meitsjen dêr’t minsken alle wiken meimekoar yn diskusje kinne oer de júste koers op in syktocht nei in bettere wrâld. Omrop Fryslân bringt it programma live by de minsken thús, sadat werklik eltsenien meiprate kin.

Niels Gerstel
Geschreven door
Werkt al bijna 30 jaar in de Friese Media. Oprichter van GPTV, de eerste Regionale Commerciële TV-zender in Nederland. Mede-bedenker van Finster op Fryslân.

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>