Motormienskip yn Fryslân

It seizoen begjint wer foar de motorrider. De ferkeap fan motorfytsen nimt ta en it riden is populêr, benammen yn Fryslân. Dat liedt sa út en troch ta oerlêst of argewaasje, mar foaral ta in soad wille.

De motor en syn berider

Foar de ien is it rekreatyf ferfier, foar de oar is it pure terapy. It wiidse Fryske lânskip lient him goed foar motortochten, al of net meditatyf. Wêrom kloppet it hert fan de ‘biker’ flugger at it om syn motor giet? Sels bin ik motorrider, foar myn wurk en privé. Ik sketste foar Finster op Fryslân in byld fan in part fan de Fryske motorwrâld. Hoe’t de bikerskultuer wêze kin. Mei portretsjes fan passionearde professionals en leafhawwers fan it riden op twa tsjillen.

Sjoch nei dizze motor-longview mei in toertocht, in wurkpleats, dêr’t de motor soarget foar partisipaasje en mei toeristen dy’t komme foar it riden troch it moaie Fryske lânskip. En ek al wurdt de gemiddelde biker hieltyd âlder, motorriden bliuwt altyd bestean.

Kamera, montaazje en muzyk: Ronnie Porte

Geschreven door

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>