Fersefilla: Mei iepen finster de wrâld ûntdekke (2)

Fryske gedichten binne yn mannich poëzijbondel te finen, mar wat foar rol spylje se yn it deistige libben? Yn Fersefilla fertelle ynwenners fan Fryslân oer gedichten dy’t har nei oan it hert lizze.

Diel 2: Pyke Kroes út Mantgum, (edukatyf) projektlieder op it mêd fan duorsumens.

Interview en tekst: Gerbrich van der Meer   Film en montaazje: Niels Gerstel

It is lestich kiezen tusken Bist fan Hessel van der Wal of Draai it finster op  fan Berber van der Geest, mar dochs leit it lêste fers Pyke Kroes op dit stuit it neist oan it hert:

Draai it finster op

En priuw it lân dêr’ tst dwerstroch reizgest

reizgest in libben lang – de ien wat langer as de oar-

Mar draai it finster op en ûntdek bûten skiere fierten

tierige greiden fol blau, read, grien, giel

earmenfol kleuren

Draai it finster op en ûntdek

Berber van der Geest (1938)

Benammen ta dat repetearjende wurd: ûntdek, it iepen stean foar en it op syk gean nei nije erfarings fielt Pyke Kroes har oanlutsen:

Nee, Pyke Kroes dichtet sels net, mar brûkt se wol yn har deistich libben:

In moai helpmiddel dus! ,,Ja, it is in hartstikke moai helpmiddel. En it is gewoan ek leuk om werris troch de poëzijbondels te blêdzjen en gedichten tsjin te kommen. Dan lêst se ommers ek wer ris even!”

 

Mear oer Berber van der Geest:

De skriuwster en dichter Berber van der Geest (1938) hat ferskillende prizen op har namme stean. Yn 1967 waard har in Rely Jorritsmapriis diel, twa kear krige se in Simke Kloostermanpriis foar har berneboeken Bartle Bûse (1988) en De Kilikanen (1994). As beukerjuf/ûnderwizeresse hat se har altyd o sa ynspirearje litten troch de skoalbern, foar har ‘it moaiste stik minske dat der is’. Van der Geest wie in alsidich talint. Se dichte, skreau koarte ferhalen en berneboeken, skreau lietteksten en yllústrearre ek. Foar har ienakter Frij krige se yn 1974 de provinsjale toanielpriis.   

Geschreven door

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>