18yn2018 #2 Anne-Mare, Moos en Morgan

Yn de searje 18yn2018 wurde 18 jongeren dy’t yn 2018 de leeftyd fan 18 jier berikke, fjouwer jier lang folge. Yn seis ôfleveringen lit Finster op Fryslân sjen hoe’t it no mei harren giet.

Anne-Mare Bergsma fan Ljouwert wol profesjoneel dûnseres wurde. Dit jier hat sy vmbo-eksamen dien en is se oannommen op de dûnsoplieding fan Lucia Marthas yn Grins. It binne lange dagen. Moarns betiid yn de trein, faak komt se jûns pas nei tsienen thús. Se tinkt der oer om op keamers te gean.

Moos van Breukelen út Kollumersweach is hast al in bekende Fries. Syn dream om swarte Piet te wurden wie in grutte hit op Facebook. Moos sit vol enerzjy. Wy binne op syn staazje- adres en hy nimt ús mei nei café Prins in Kollumersweach.

It libben fan Morgan Spruijtenburg fan Terwispel is drastysk feroare. Yn 2015 waard de topturnster noch Nederlansk Kampioene allround. Se gie nei de Jeugd Olympyske spelen yn Tblisi. Nei de simmerfekânsje hat sy it beslút nommen om hielendal op te hâlden mei de topsport.

 

Karen Bies
Geschreven door
Eindredacteur en coördinator Finster op Fryslân, programmamaker Omrop Fryslân.

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>