Oeds Westerhof: ‘De ofstân is te grut.’

Elts doarp en eltse stedswyk in eigen boargemaster. Sadat de oerheid tichtby in gesicht krijt, en de minsken elkoar wer better witte te finen. It idee is fan Oeds Westerhof, direkteur legacy en netwurk by de Stichting Ljouwert-Fryslân 2018. Hy leaut dat Fryslân foar himsels soargje kin. ‘Wy moatte ússels helpe, wy hoege net holpen te wurden. As wy de goeie dingen dogge, dan streamt it nei ús ta. Sels útfine hoe’t wy libje wolle. As wy dan sjoen wurde as eksoaten, no, lit ús dat dan ek mar kultivearje.’

Karen Bies

Wat wie dyn rol by it earste bidbook?

‘It plan mei it tema ‘mienskip’ wie artistyk en ynhâldelik al klear. Mar we hiene noch mar in moanne foardat it ynstjoerd wurde moast en de kulturele ynfrastruktuer siet der noch net yn. It nije museum, de Harmonie, Tresoar, it produksjehûs fan Tryater, it nije poppoadium Neushoorn yn de steigers, de Akademy foar popkultuer en oare opliedings – se waarden net neamd. It plan wie makke troch kreative minsken, bûten de ynstituten om. Mar yn in bidbook moatst beskriuwe wat der is yn sa’n stêd en wat de ynstituten dogge. Want ast hjir suksesfol yn wêze wolst hast gewoan elkenien noadich.’

Yn 2012 bisto direkteur wurden. Wat joech de trochslach foar it winnen fan de titel?

‘Yn de twadde ronde is it tema doe ‘iepen mienskip’ wurden, de bûtenwrâld opsykje, de iepen blik nei Europa. Foar it winnen fan de titel wie it krusiaal dat wy dy omslach makke hawwe. Ljouwert wie yn de race mei noch twa stêden, Eindhoven en Maastricht, beide yn it suden fan it lân. Doe hat Ljouwert de kulturele organisaasjes yn de grutte stêden fan boppe de rivieren derby belutsen. Om sjen te litten dat wy lanlik draachflak hiene. Fierder wie myn netwurk hiel handich. Ik koe in oantal fan de sjueryleden. Net dat ik se persoanlik benadere ha, wy binne net begûn oan in lobbysirkwy. We dogge dit fan ûnderop en mei elkoar, dat moatst it spul achterom net spylje.’

Mar wat binne dyn eigen idealen foar Fryslân?

‘Duorsemheid, oandacht foar natoer en lânskip. Bettere sosjale struktueren, gjin earmoede foar bern, goed ûnderwiis, kânsen foar jonge minsken. Kultuer is foar elkenien. Ik kin my fine yn it organisearjen ‘fan ûnderop’, om meiinoar de skouders der under te setten. Ik fiel my thús yn it mienskiplike, dat sjochst ek yn myn wurk werom, ik ha altyd foar maatskiplike organisaasjes wurke.’

Do bist no direkteur ‘legacy’, dus wat der oerbliuwt nei 2018. Wat is dan it kulturele haadstêd-effekt neffens dy?

Dat wurd ‘legacy’ hâld ik eins net sa fan, ik praat leaver oer ‘opbringst’. Bygelyks yn it griene tema: de biodiversiteit rint werom, Theunis Piersma en Sytze Pruiksma sette dat op ‘e aginda. Se bringe minsken ta ynsjoch, dy komme dan yn beweging. Sjoch mar nei de diskusje oer ‘landschapspijn’. De steatssiktaris fan lânbou pleitet foar natoerynklusive lânbou, de provinsje ynvestearret dêryn. Mei keunst op himsels feroarest de wrâld noch net, mar watst wol dwaan kinst is minsken de eagen iepenje.’

‘Ast in regio sterker meitsje wolst, hast yndividuen, bedriuwen en oerheden noadich. Kultuer spilet in lytse mar wichtige rol: dat binne de foarútrinners.’

Sense of Place makket sân keunstwurken oan de Waadseekust. Hoe helpt dat de bewenners fan it krimpgebiet dêr?

‘Joop Mulder lit minsken yn Noardeast Fryslân mei oare eagen nei de eigen omjouwing sjen, te bouwen oan nije perspektiven. De regio wurdt der attraktiver fan. It projekt sels jout net daliks in protte wurkgelegenheid, mar it effekt: mear kultuertoerisme, jout dat wól. It tinkproses fan ‘we moatte hjir mei syn allen wat oan dwaan, blinder’ komt op gong. Myn ferantwurdlikheid is om dat ferhaal dominant te meitsjen. Ik wol soargje dat elkenien meidwaan kin oan kulturele haadstêd, om inisjativen en bedriuwen mei elkoar te ferbinen. Om ek minsken út de bystân as frijwilliger meidwaan te litten oan it programma fan 2018.’

En kinne dy minsken ek fergees nei de foarstellingen ta?

‘Der is in protte frij tagonklik. Foar bern is der gearwurking mei fûnsen foar sport en kultuer, gemeenten hawwe dêr ek mooglikheden foar.’

Kulturele Haadstêd moat de provinsje ekonomysk foarúthelpe, is de bedoeling. Hoe sjochsto dat?

‘In kombinaasje fan natoer-ynklusive lânbou, kultuertoerisme, en sirkulêr en duorsem produsearje. Dat binne de trije ekonomyske pylders. Mear natoer soarget foar mear diversiteit. De greidegebieten binne hiel homogeen. Ik bin net sa sintiminteel fan werom nei eartiids, mar in divers lânskip is oantrekliker. Sirkulêr en duorsem produsearje past hiel goed by Fryslân. Ynstee fan it jild nei grutte enerzjybedriuwen bringe, it jild ynsette yn de eigen ekonomy. Bygelyks it isolearjen fan huzen, dat betsjut in protte wurk foar boufakkers. Op festivals as Welcome to the Village wurdt dy sirkulêre ekonomy útprobearre, mar it wurkjen oan de duorseme takomst moat ek nei 2018 trochgean. Mei keunst kinst minsken by elkoar bringe en in feroaringsproses yn gong sette. Ast in regio sterker meitsje wolst, hast yndividuen, bedriuwen en oerheden noadich. Kultuer spilet in lytse mar wichtige rol: dat binne de foarútrinners.’

Is dat dan dy elite dêr’t gewoane minsken it gefoel ha fan: dêr hear ik net by?

‘Dat tink ik net. De helte fan de befolking docht oan amateurkeunst, muzyk, teater, skriuwe, skilderje, sport. Dy kin net sûnder de ynfrastruktuer fan organisaasjes en skoallen.’

Dat is keunst fan ús. Mar de Giant Steps en de 11 fonteinen, dat wurdt net sjoen as: fan ús.

‘O, mar as dy reuzen west hawwe, dan prate we noch ris wer. Yn Liverpool seagen der 100 tûzenen minsken nei, en dy drage dat har hiele libben as in ûnútwisbere erfaring mei har mei. Soks kostet jild. En wat de fonteinen oanbelanget: net elkenien is der op tsjin, der wurdt troch in protte minsken mei entûsjasme oan wurke. Soms moatte jo ien of twa drompels oer. Ik oertsjûgje net elkenien, mar ik gean altyd it gesprek oan. Yn Dokkum wie in winkelman tsjin op de fontein, want hy hat it parkearplak nedich. Mar de horekaman sei: ‘jou my asjeblyft in reden dat minsken nei Dokkum ta komme. Dan fine se wol in plak foar de auto’. It is dus mar krekt fanút hokker perspektyf ast der nei sjochst.’

Dochs sil altyd in part fan de minsken skeptysk bliuwe, of ûntefreden.

‘Dêr lit ik my net troch liede. Wy fine hjir yn Fryslân dat wy hiel spesjaal binne, en wy ha no de kâns om dat oan de wrâld sjen te litten. De taal, it wetter, histoaryske figueren as Mata Hari, Escher, Menno Simons. De natoer, de doarpsgesichten, de tsjerken. Foar it projekt ‘Under de toer’ bygelyks wiene 32 plakken beskikber, mar der wiene wol 80 oanmeldings. Der binne echt tûzenen minsken dwaande mei Kulturele Haadstêd. Yn 2018 wurdt it ien gehiel. Mei syn allen sette wy wat del dêr’t we noch jierrenlang fan sizze: it hat goed west dat we dat dien hawwe. Dêr doch ik myn stjonkende bêst foar.’

‘Ik soe my ergens oars foar ynsette wolle. De Fryske wâlden, dy moaie kant fan de provinsje kin wol wat mear ljocht hawwe.’

Mar dyn ideaal foar de takomst fan Fryslân, hoe berikst dat? Jongeren wolle noch altyd fuort.

‘It is de moade om nei de grutte stêden ta: Amsterdam, Berlyn, Peking. In skoftke fuort is net sa slim, mar in soad jongeren wolle ek wer werom. Dat is de tsjintrend. It is hjir echt folle nofliker wenjen. De salarissen yn de Rânestêd lizze heger, mar dêr kinst mar in kninehok foar keapje.’

Jannewietske de Vries sjocht Fryslân as in takomstige lytse metropool yn Europa. Mar wat as wy dochs altyd de perifery bliuwe, de motor fan de Rânestêd, net mear as in leveransier fan minsken en enerzjy.

‘Dat is oan ússels. Op de score fan gelok yn Nederlân stiet Fryslân boppeoan; op de score fan burnouts ûnderoan. Wat is it útgongspunt foar it libben? As wy net sizze dat it hjir net de muoite wurdich is, dan sil in oar dat noait leauwe. Wy binne op it ferkearde paad as wy tinke dat de oplossing út De Haach komme moat. Wy moatte ússels helpe, wy hoege net holpen te wurden. As wy de goeie dingen dogge, dan streamt it nei ús ta. Sels útfine hoe’t wy libje wolle. As wy dan sjoen wurde as eksoaten, no, lit ús dat dan ek mar kultivearje.’

Wat is dyn eigen rol nei 2018?

‘Mocht der yn 2019 in nije legacy-organisaasje komme, dan wurd ik dêr gjin direkteur fan. Ik soe my ergens oars foar ynsette wolle. Ik bin opgroeid yn Nyegea. De Fryske wâlden, dy moaie kant fan de provinsje kin wol wat mear ljocht hawwe. De natoer fan de noardlike Fryske wâlden, de oansluting op bûtenpleatsen lykas Oranjewâld. De Stellingwerven, de arbeidersskiednis en de relaasje mei de koloaniën yn Drinte. Dat ferhaal soe better delsetten en yntegraler ferteld wurde moatte.’

‘Doarpsboargemasters. In demokratysk keazen persoan út de befolking, dêr’t minsken har ferhaal by kwyt kinne.’

Wat falt er noch te learen fan Kulturele Haadstêd?

‘Dat de ferbining tusken bestjoer en befolking better moat. Bestjoerlik is it hiel yngewikkeld regele yn Nederlân. As ik sjoch wat wy dwaan moatte om dit projekt organisearre te krijen, dat fernimst dat. Foar tal fan saken moatst alle gemeenten del, foar it UWV moatst nei Amsterdam, de soarhynstellings binne fersnipele oer de provinsje, foar de plysje moatst nei Grins. Ik moat it hiele lân troch. Eltse koker is spesjalistysk organisearre op in oar plak. Sintrumplakken as Boalsert en Grou binne har bestjoer kwytrekke. It is echt sykjen. By Kulturele Haadstêd ha wy dat fernommen, as wy kontaktpersoanen sochten yn doarpen of stêden. Der wenje wol minsken, mar se kenne elkoar net. We moasten ergens oanbelje mei de fraach: wêr moat ik wêze? De netwurken binne fuort, wy moatte al ús struktueren wer opnij opbouwe. Dat gefoel fan ‘mei syn allen’ sit net mear yn de samenleving. Der is gjin sintrum. As der mear bestjoer yn de doarpen en wiken wêze soe, witte se elkoar better te finen, en net fia allegear omwegen.’

Werom nei eartiids gean we net, dus hoe soest dat feroarje wolle?

‘Troch doarpsboargemasters oan te stellen. In demokratysk keazen persoan yn doarpen en stedswiken. Ik wit noch net hoe, mar ergens tusken it formele bestjoer en de befolking yn sit in fakuum, dat ynfold wurde moat. Dêr moatte we nei lústerje. As der sa’n persoan is dy’t lûkt oan sa’n plak, dy’t foaroprint, makket dat in grut ferskil. Sjoch nei Holwert oan See. Dy mannen meitsje it ferskil.’

Wat giet der mis?

‘De ôfstân is te grut. In part fan de ûnfrede oer de ûnsichtberheid fan de oerheid komt dêrút fuort. Ast sjochst hoefolle oerheidsjild der yn bepaalde Ljouwerter stedswiken stoppe wurdt, dan kinst dy net foarstelle dat safolle minsken ûntefreden binne oer de oerheid. In gesicht fan de oerheid op it meast lokale nivo, ik tink dat dat enorm helpe soe. Sa’n wykboargemaster hoecht fansels gjin paspoarten te ferstrekken. It is gewoan in formeel demokratysk keazen persoan út de befolking, dêr’t minsken har ferhaal by kwyt kinne. It soe besparje op wolwêzenswurk en plysjewurk, dêr bin ik fan oertsjûge. Sa’t it no is, silst by elk folgjend projekt wer tsjin deselde fragen oanrinne, omdat de besteande sosjale ynfrastruktuer der net is.’

Hoe sjochsto de rol fan de sjoernalistyk yn ferbân mei Kulturele Haadstêd?

‘De sjoernalistyk hat baat by itselde as de kultuersektor: mear minsken fan bûten der yn. Iepen mienskip. Bepaalde opfettingen fan bepaalde sjoernalisten by krante of omrop kenne wy al jierren, dy feroarje net. En: fan in probleem-rjochte samenleving binne wy in skandaal-rjochte samenleving wurden. By in probleem kinst dy ferantwurdlik fiele om in oplossing te finen. Oer in skandaal hoechst allinnich mar hiel hurd te roppen, it jout dy gjin inkele ferplichting om der wat oan te dwaan. It is tiid foar besinning. Kulturele Haadstêd bygelyks freget om djipgong en krityske sjoernalistyk. Hoefolle tiid stekt in medium noch yn it frijspyljen fan minsken om harren ergens yn te ferdjipjen? It is opperflakkich, der wurde kwoots ophelle by in foarútbetocht item. Dat giet net oer de wearde fan sjoernalistyk en de samenleving. Ast in grut part fan it jild dat no nei kommunikaasje giet yn de krityske sjoernalistyk stekke soest, soe dat foar ús demokratysk funksjonearjen hiel goed wêze.’

Oeds Westerhof. Foto: Karen Bies

Nei Nynke Rixt Jukema en Klaas Sietse Spoelstra is dit it tredde Finster-ynterview yn de rige minsken dy’t fan it begjin ôf belutsen west hawwe by Ljouwert Kulturele Haadstêd. Folgjende kear: Sjoerd Bootsma

Karen Bies
Geschreven door
Eindredacteur en coördinator Finster op Fryslân, programmamaker Omrop Fryslân.

1 reactie

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>