Kultureel Haaddoarp De Hoeve dosearret aktiviteiten

It begûn twa jier lyn as grap by in teaterfoarstelling. De Hoeve neamde himsels Kultureel Haaddoarp fan Weststellingwerf. Dit wie sa’n súkses, dat de ynwenners it doarp oanmelden as Kultureel Haaddoarp 2018. Kompleet mei bidbook, dat oan de organisaasje fan KH2018 oanbean is. Yntusken binne der al ferskillende aktiviteiten hâlden yn it doarp. Sa is der in bouwurk makke op it plak, dat it sintrale festivalterrein wurde moat by eveneminten. By de yngong fan it doarp stiet in tal skiep fan hout, dat de skoalbern opferve ha. En yn maart wie der in muzykfestival mei Frysk en Stellingwerfs sjongende artysten. Sa moat de ferbining tusken de Stellingwerven en de rest fan Fryslân ta útdrukking komme.

Teater en koaren yn De Hoeve

Op it programma stean noch in koare-manifestaasje mei 20 sjongkoaren op ferskillende bysûndere lokaasjes yn en om De Hoeve. En der komt in dei mei allegear teaterfoarstellings op en rûn it festivalterrein. De organisaasje fan Kultureel Haaddoarp 2018 wol de 400 ynwenners net oerfuorje mei foarstellings en optredens. Dan wurdt it te bot. Alle jierren sa’n fjouwer aktiviteiten is wol genôch, fine se.

Geschreven door

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>