Klaas Sietse Spoelstra oer LF2018: ‘In skeakelmomint yn de skiednis, hoopje ik.’

Wurdt Kulturele Haadstêd krekt sa’n feest as de Frieze-reüny fan Simmer 2000? Nee, seit Klaas Sietse Spoelstra, en dy fergeliking meitsje is net goed. ‘Dat feest gong oer ús ferline, Kulturele Haadstêd giet oer de takomst.’ En hy pleitet foar it berikken fan ‘glocal goals’. ‘Grutte wrâldproblemen kinst oanpakke troch te begjinnen mei ien lyts stikje fan de puzel. Wize nei wa’t it ferkeard dien hat, of de oerheid de skuld jaan, dy tiid ha wy hân. Do kinst sels wat dwaan.’

Karen Bies

Klaas Sietse Spoelstra (Hallum, 1969) neamt himsels in takomsttinker. Yn it bedriuwslibben wie hy altyd al mei strategy en fernijing dwaande, no docht hy dat yn mear maatskiplike en eigen omjouwing. Klaas Sietse is fan it begjin ôf belutsen by de ideeën foar Kulturele Haadstêd. Hy is net yn tsjinst by de organisaasje, mar tinkt mei. Hy hat it inisjatyf naam foar ‘Kening fan de Greide’, dêr’t ûnder oare ‘Birds and Brass’ út ûntstien is. Earder publisearre hy it stik ‘Set dyn tosken yn in nije tiid.’

Hoe is Kulturele Haadstêd oait by dy terjochte kaam?

‘Yn 2009 waard ik belle troch deputearre Jannewietske de Vries. Ik wurke noch by KPN yn Den Haach, mar wenne alwer yn Fryslân. Se frege my oft ik op in jûn yn it Fries Museum fertelle woe hoe’t Fryslân mear dwaan kin mei syn kulturele ambysje. Dat ferhaal hjitte: ‘Fan kakofony oant symfony’. Yn Fryslân barde fan alles – iepenloftspullen, brassbands – mar it wie fersplintere. Elkenien wurke foar himsels, en we lieten it net echt nei bûten ta sjen. Dy fersnippering seachst ek yn it lânskip. Wy wiene grutsk op ús romte en iepenheid, mar tagelyk setten wy ek gewoan nije túnboukassen del. Ast Fryslân ynkomst by de Lemmer, sjochst earst in bedriuweterrein. Wat wolle wy no eins? tocht ik. Op it provinsjehûs fûn ik gjin lange termynfisy, der wie net ien dy’t oer de ekonomy fan pakwei 2030 prate koe. Plannen wiene hijgerich en idee-leas. Ik frege my ôf: kinne wy in momint bepale, oer sa’n 10 jier, dat wy de kwaliteiten fan Fryslân optelle en oan Europa sjen litte? Dat wie foar my it begjin fan it meidwaan oan Kulturele Haadstêd. Ik seach it as in soarte fan katalisator, in ferrekt moai fehikel. In reden om oer de takomst nei te tinken.’

‘Ek de sjoernalistyk wie faak negatyf. Mekoar yntellektueel ôfmeitsje, dat koene wy goed yn Fryslân.’

Jim wurken sûnder de besteande ynstituten, mei in selekte groep minsken. Teminsten dy yndruk krige ik, want de parse wie der noait by. Wie dat mei opsetsin?

‘Yn it begjin wie der ek noch net folle belangstelling foar ús. De klacht fan sjoernalisten wie: ‘We sjogge net wat der gebeurt, jim moatte ús útnûgje.’ Nee, ûnsin. Binne jim no sjoernalisten, jim moatte gewoan skerper wêze, it oanfiele. Sjoernalisten sitte te folle fêst oan buro’s en programmaformats. Ein 2009 organisearren wy yn de galery fan Steven Sterk in 24-oere tentoanstelling mei as tema: 10 jier foarútsjen. Dêrnei begûnen we yn it tsjerkje fan Britswert ‘Stasjon Fryslân 2018’ – letter yn de Blokhúspoarte – diskusjes oer takomstige tema’s fan Fryslân – lânskip, krimp, earmoede, jongeren dy’t fuortgean, de Fryske taal. Gjin parse derby, gjin minsken dy’t fanút in belang prate, mar gewoan as boarger. Sa koene we sjen hokker minsken boppendriuwen komme. Wittenskippers, arsjitekten, ûndernimmers, keunstners. Der is in soad talint, mar minsken sitte soms achter in beam ferstoppe, dy hoege harsels net altyd te hearren foar de radio. Sa ûntstie der in nij netwurk en setten we dingen op de aginda.’

By LF2018 wurdt gauris de fergeliking makke mei Simmer 2000. Dát wie nochris wat, dat wie pas in feest. Friezen ûnder inoar fanút de hiele wrâld. En: sa moai wurdt it noait wer.

‘Fansels wie der niks mis mei Simmer 2000. Mar dat gong oer it ferline, Kulturele Haadstêd giet oer de takomst. Allinnich dat al makket it ûnwis. Wat sil de Fryske mienskip wurde? It is in wrakseling oer identiteit. Der binne safolle fragen, wat wolle wy mei syn allen? Der binne mieningsferskillen, de takomst is ûnwis.’

‘Myn dochter is krekt alve. Ynienen begjinst yn generaasjes te tinken, yn ferantwurdlikheden foar ús lân en maatskippij.’

Hoe bist omgien mei de wjerstân?

‘Yn it begjin ha wy minsken tsjin ús hân. We moasten it net fuort hawwe fan de polityk-bestjoerlike hoeke. Ek de sjoernalistyk wie faak negatyf. Mekoar yntellektueel ôfmeitsje, dat koene wy goed yn Fryslân. De diskusje oer de Fryske identiteit wie in refleksje nei it ferline. Yn de literatuer wie polemyk oer wêr’t we weikomme, noait oer wêr’t we hinne moatte. Dy histoaryske kontekst, dêr krige ik op it lêst myn nocht fan, ik woe mei de takomst bezich. Dat kaam ek omdat ik heit wurden wie. Myn dochter is krekt alve. Ynienen begjinst yn generaasjes te tinken, yn ferantwurdlikheden foar ús lân en maatskippij. It joech my in hiele positive drive.’

Dat ferhaal fan Fryslân, dêr’t jim sa drok mei binne, sjochst dat genôch werom?

‘We hawwe lang ompield mei it tema fan Kulturele Haadstêd. Fan ‘mienskip’ is it ‘iepen mienskip’ wurden. Alles feroaret. We bliuwe net hingjen yn doarpen en stêden, ynternet makket de mienskip grut en tagonklik. Yn de organisaasje fan Kulturele Haadstêd wie gauris in wikseling fan minsken. Nije aksinten, dat ferfrist. Mar de soarch is dan wol: wa hâldt de reade tried foar eagen? We hawwe net foar niks de KH-kompetysje wûn. We binne aanst tsien jier dwaande om in nije foarm foar Fryslân te finen. Wy hawwe it hyltyd mar oer fonteinen en reuzen, mar it echte ferhaal leit dêrûnder.’

Wat is der misgien by de fonteinen?

‘De fonteinen hawwe in ferkearde start makke. As de betinkers tsjin in stêd sein hiene: in topkeunstner helpt jim om te fertellen wat jim ferhaal fan de stêd is, yn de foarm fan in fontein. Dan hie der ek skrik west, dan hiest ek fjouwer wike ellinde oer dy hinne krigen, mar dat is funksjoneel, ast it mar goed dochst. Fergelykje it mei in akupunktuer-nulle stekke yn de hûd fan de mienskip. It docht even sear, mar it hat in funksje, nammentlik om de dialooch op gong te bringen. Uteinlik hie elkenien meipraat en dêrnei fertelle kinnen wêrom’t dy fontein der stiet. Mar wat bart der no? Der wurdt diskusjearre oer uterlikheden en nét oer it ferhaal dêr’t dy fontein foar stiet.’

Wat wolsto mei Kulturele Haadstêd út ‘e wei sette?

‘Wy kinne mei Kulturele Haadstêd grutte tema’s oppakke – earmoede, it klimaat, de migraasje – we pakke se beet en fertale se nei lokale doelen. ‘Glocal goals’ neame we dat. Mei de skries ha wy it eins oer de wrâldwide problemen fan de biodiversiteit. Mei ‘Birds and Brass’ giet it oer méar as de ferskraling fan it lânskip. Lykas de greidefûgel is de blaasmuzyk in belangrike kwaliteit fan Fryslân, mar yn de fanfares misse se ek de jonge piken, de nije leden. De skries is dan in spegel foar de minsk. De krimp en de leefberheid fan ús plattelân is in grut probleem, mar nim Holwert oan see: in doarp dat himsels op ‘e nij oan it útfinen is. Ik fyn soks geweldich!’

‘Do kinst ferkrampe of de hiele dei wize nei wa’t it ferkeard dien hat, of de oerheid de skuld jaan. Mar dy tiid ha wy hân, jongens.’

Dat hinget dus bot ôf fan de minsken sels: oft se de nekke útstekke wolle.

‘As de wrâldproblemen sa grut wurde dat de polityk en besteande ynstituten se net oplosse kinne, moatst begjinne mei ien lyts stikje fan de puzel. Nim flechtlingen: as it der op telefysje of op skoalle oer giet is it sa’n grut probleem, dat myn dochter der ûnrêstich fan wurdt. Mar as wy yn Easterein of Jorwert in hûs ferbouwe sadat der in flechtlinge-gesin yn wenje kin, ha wy in lokale bydrage levere oan it oplossen fan in globaal probleem. De opkomst fan regiobanken en lokale enerzjykoperaasjes binne feroarings dy’t passe by in regionale skaal. Dêrfoar moatst wol in mentaliteit hawwe fan ‘do it yourself’. Do kinst ferkrampe of de hiele dei wize nei wa’t it ferkeard dien hat, of de oerheid de skuld jaan. Mar dy tiid ha wy hân, jongens. Wy gean no op in ierappelkistje stean, we stekke de finger omheech en we sizze: wy sille der wat oan dwaan.’

En wat kinst séls út ‘e wei sette?

‘Yn feite kinst dat ek sizze oer myn rol by Kulturele Haadstêd: ik ha besluten om my te rjochtsjen op in pear projekten. Ik stean op ôfstân fan de sintrale organisaasje. Der wurdt my tefolle praat oer de eveneminten, mar wat te min oer de betsjutting fan dy eveneminten. Ik bliuw in bûtenboardmotor, haw ik besluten. Mei dy distânsje kin ik de boel op in oare manier op gong hâlde, mar ek krityk jaan of mei de fûst op tafel slaan.’

Do kinst der moedeleas fan wurde, mar dat is by dy, leau’k, net sa. Wat driuwt dy?

‘Ik hie in bêste baan yn Den Haach, doe’t ik graach werom woe nei Fryslân. Ik sjoch dizze perioade as in maatskiplike staazje. Ik krij der enerzjy fan en ynspiraasje. Underoan de streek binne it miskien wat moeilikere jierren. Mar ik hoech mar nei myn dochter te sjen om te witten wêr’t ik it foar doch.’

Wat stelsto dy foar by takom jier, it feest fan LF2018?

‘Dat minsken yn Fryslân sels op dat kistje stean geane en sizze: ik wol wat dwaan oan de takomst fan ús regio! Yn Dokkum hiene se earst gedoch oer dy fontein. Ik hoopje dat der dan gewoan fyftich jonges fan it Frieslandkolleezje by mekoar komme en dat ding bouwe, en dat se dan sizze: ‘Dit is ús fontein, o wee ast hjir oankomst,want dit ha wy makke en dit is ús ferhaal.’

Kulturele Haadstêd lit ús maatskippij sjen fia kultuer. Ik wol dat we takom jier ússels even optille yn selsbewustwêzen, dat we op ferskate terreinen dingen yn gong set hawwe. Bert Looper, direkteur fan Tresoar, seit it goed oer de Fryske identiteit: ‘We binne de folgjende fase fan ús skiednis oan it útfinen.’ Watfoar foarm dat wurdt, watfoar gesicht it krijt, dat wit ik ek net. Mar ik hoopje dat it, achterôf besjoen, dochs wol in skeakelmomint yn de skiednis west hat.’

Klaas Sietse Spoelstra yn Ljouwert.

Yn in rige ynterviews mei minsken dy’t fan it begjin ôf belutsen wiene by de ideeën foar Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 is dit (nei Nynke Rixt Jukema) it twadde petear. Folgjende kear: Oeds Westerhof

Karen Bies
Geschreven door
Eindredacteur en coördinator Finster op Fryslân, programmamaker Omrop Fryslân.

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>