Herkenningsmelody foar KH2018: Seis oere thús

‘Seis oere thús’ is de titel fan it KH2018-liet dat de herkenningstune en leader wurdt fan Kulturele Haadstêd. It wurdt spile troch it Noord Nederlands Orkest en de komposysje is fan Sytze Pruiksma. Nynke Laverman hat de tekst skreaun en sjongt it liet. It NNO kaam op it idee om in leader, in herkenningsliet foar Kulturele Haadstêd te spyljen. Se hawwe it oanbean oan de organisaasje en dy woe wol in soundtrack hawwe foar KH2018. Der komt in lange en in koarte ferzy en fragminten derfan kinne oeral brûkt wurde.

Ferline en takomst

Seis oere thús giet oer fierder sjen as allinnich nei it ferline fan Fryslân. De titel moat eltsenien wol bekend foar komme. At de klokken seis slaan wie it itenstiid en moasten de minsken oan tafel. Symboalysk roppe de klokken ús no op om in nije tiid yn te gean. Oer de takomst neitinke fan Fryslân en de Friezen is in tema dat ek Kulturele Haadstêd graach útdrage wol.

Foarpriuwke

Finster op Fryslân wie by de opnames fan Seis oere thús troch it NNO. En we mochten ek in foarpriuwke hearre (litte) fan hoe’t it klinkt at Nynke har sjongpartij der by komt. Want dêr binne noch gjin definitive opnames fan.

SEIS OERE THÚS

Kom dyn nêst út jonge

It nêst waarm fan ferline

Skuor iepen de gerdinen

Spring derút de dei is nij

Hearst de klokken

De takomst ropt om dy

 

Mei juster achterop

Hast altyd tsjin ’e wyn yn

Doar dysels opnij te finen

Flean dyn eigen skaad foarby

En fluitsje

Fluitsje dy wer nij

 

En de klokken se sjonge

Se sjonge foar ús

Seis oere thús

Seis oere thús

En de klokken se sjonge

Allinne foar ús

Flean de wrâld yn myn jonge

Seis oere thús

 

De fearten fol mei âlde kij

Dy’t oeral wat fan fine

Lit de sinne foar dy skine

Hear de fûgels, do bist frij

Fiel de grûn fiel dy bûn

Foar altyd ferbûn oan dy

 

En de klokken se sjonge

Se sjonge foar ús

Seis oere thús

Seis oere thús

En de klokken se sjonge

Allinne foar ús

Flean de wrâld yn myn jonge

 

Fertel my watsto net witst

En ik folgje en ik folgje

Ferjit fan wa’sto der ien bist

Want ik ken dy

Nim my mei yn dyn dreamen

Nei wêrsto noch net bist

Set dyn tosken yn in nije tiid

Set dyn tosken yn in nije tiid

 

Nynke Laverman

Geschreven door

1 reactie

  1. It Noord Nederlands Concert Koor, mei safolle Friezen yn har rûnte, it eftergrûnkoar mar efkes?

    Reageer

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>