Augmented-reality kuiertoer troch Wurdum/Swichum

Wa’t mei in spesjale app foar de smartphone aanst troch Wurdum en Swichum kuiert, kin histoaryske ferhalen hearre oer de doarpen. In groepke entûsjastelingen is dwaande om in augmented-reality kuiertoer op te setten. Hoe komme Wurdumers oan de bynamme tuorkefretters? Wat is it ferhaal achter it oarlochsgrêf fan piloat Robert Fisher? En wat foar ferstoppe begraafplak leit der yn de greiden? Fan 2018 ôf is it mooglik om sa by in tsiental plakken del te kuierjen en ynformaasje te krijen.

Augmented-reality

Augmented-reality heakket wat ta oan de werklikheid. Yn dit gefal kin der mei it skerm fan telefoan of tablet in histoarysk figuer oproppen wurde. Utbylde troch tonielspilers, wurdt it ferhaal ferteld dat by dy lokaasje heart. Mei help fan it doarpsargyf en ynbring fan de doarpbewenners binne der in soad nijsgjirrige ferhalen fêstlein. Boppedat kin je sjen, hoe’t de doarpen der yn it ferline útseagen. De earste lokaasjes mei augmented-reality binne no al klear.

Fan 2018 te kuierjen, no in ympresje op Finster op Fryslân.

Geschreven door

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>