Under de Toer: presintaasje 32 manifestaasjes

Yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert binne alle manifestaasjes fan it Kulturele Haadstêd-projekt Under de Toer presintearre. Bysûndere ferhalen yn, om of fan ien fan de Fryske tsjerken. It binne manifestaasjes fan keunstners fan allegear dissiplines yn gearwurking mei de mienskip.

80 oanmeldings foar Under de Toer

Dat kinne religieuze ferhalen wêze, mar ek grutte en lytse ûnderwerpen yn de mienskip dy’t de muoite fan it fertellen wurdich binne. Fan de 80 oanmeldings binne der 32 útsocht. Foarbylden binne de Grutte Tsjerke yn Ljouwert, dêr’t it ferhaal fan it skeinde grêf fan Maria Louise ferteld wurdt. Yn Harns komt in teaterbelibbing oer de see. En yn Drylts komt in muzykteaterstik by de lokaasjes fan eardere en besteande tsjerken mei de namme Frijtinker. De presintaasje fan de 32 manifestaasjes wie in foarstelling op himsels, lieden troch aktrise Tamara Schoppert.

 

Geschreven door

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>