Sera #7 “Bisto Yoyes?”

De Fryske sjongeres Sera is yn San Sebastian foar de muzyk. Tagelyk komt de skiednis fan it geweld en de ETA hyltyd op har paad. Se sjocht in filmke út 1986. In frou wurdt fermoarde.

“Bisto Yoyes?”

“Ja.”

“Witsto wa’t ik bin?”

“Nee.”

“Ik bin fan de ETA en ik kom dy eksekutearjen.”

Op ‘e fingers tel ik mei. Acht sekonden, as se yn gewoan tempo praten hawwe. Acht ferskriklike sekonden lang hat se it oankommen sjoen, foardat de earste kûgel har liif trof. Yn har rjochterbil. Dan ien yn it boarst. Pas doe’t se op ‘e grûn lei krige se in skot yn ‘e holle. Se hat de pine field, se hat noch witten wat der gebeurde, foardat de lêste knal kaam. Wat in ûnfoarstelbere kloatsek, dat er net de moed hie om yn ien kear dien wurk te meitsjen. Dat er net it fatsoen hie om har tenminste fan achteren del te sjitten, sadat se it yn elts gefal net fernimme soe.

Ik besjoch de bylden fierder. It plein herken ik. Fannemiddei haw ik der sels omrûn. It wie leech en stil, en ommuorre troch in sângielich gebou.

Op woansdei 10 septimber 1986 wie hjir in grutte lânboubeurs. De fruchten fan it lân, mar ek trekkers en masjines waarden tentoansteld. Yoyes gie derhinne te sjen. Se wie krekt werom yn Baskelân neidat se jierrenlang yn ballingskip libbe hie. Dat moast, omdat se de ETA de rêch takeard hie, wylst se dêr earder as earste frou yn de top fan de organisaasje telâne kaam wie. Mar se koe net mear út de fuotten mei it geweld en flechte de beweging en it lân út. No wie se weromkaam. Omdat se de lokrop fan har bertegrûn net wjerstean koe. Se tocht dat se feilich wie omdat se beskerming krige fan it Spaanske regear, omdat se publyklik har dieden ferantwurde hie en omdat de heechste ETA-sjef tasein hie dat er har gewurde litte soe.

Mis.

De kleurebylden binne luguber. Yoyes leit by in trekkerke. In nuver oranjegrien ding, mei de foartsjillen sawat healwei de machine, sadat de motorkap in hiel ein oerstekt. It trekkerke spile in ûnbedoelde rol yn dizze trageedzje, omdat Yoyes’ soantsje fan trije der sa graach eefkes op sitte woe. Yoyes as grutske mem stie njonken him. Doe kaam der in keardel op har ôf en loek syn pistoal. Foar de eagen fan it jonkje.

Mar op dizze bylden is it ding ûnbemanne, is it baaske der al fanôf helle. Of soed er der sels ôfsprong wêze? Wat soe it mantsje dien ha doe’t er op in meter ôfstân de kûgels troch syn mem hinne fleanen seach? Soed er op har ta sprongen wêze? Of krekt de oare kant út, fan eangst? Of soed er stil sitten bleaun wêze, te wachtsjen oant immen wat foar him beslute soe?

Ik doar my der kwalik in foarstelling fan te meitsjen, spylje it filmke fierder ôf. De tsjillen fan de mini-trekker stean ticht by elkoar en de frou leit dertusken; yn earste foarkommen liket it suver op in ferkearsûngelok. Der is in wyt lekken oer har hinne drapearre, dus har holle is net mear te sjen; mar it bloed rint ûnder it lekken wei, troch de naden tusken de tegels , oant wol in meter by har wei. In part fan it lekken is al donkerread kleure. In man yn grien unifoarm komt oanrinnen mar docht neat. Minsken steane der omhinne te praten, mar elk docht dat mei de rêch nei it lyk ta.

Dan komme twa mannen mei in lykkist oanrinnen. It byld makket in tiidsspronkje. No wurdt de swartglimmende lykkist in auto yn skood. Mear minsken hawwe har sammele. Se stean op passende ôfstân fan it moardplak, likernôch itselde plak as dêr’t iksels fannemiddei stie. It kleed en bloed lizze der noch. Immen rydt it trekkerke fuort dat, neidat de hiele merk ûntromme is, as iennichste rekwisyt yn dit drama stean bleaun is. De sjauffeur besiket foarsichtich om it kleed en it bloed hinne te manouvrearjen, mar dat slagget mar heal. It liket as is de de man hastich om hjirwei te kommen; hy lûkt ekstra hurd oan in hendel om fuortride te kinnen.

As er fuort is bliuwe in donkerreade flek en in wite prop lizzen, op it fierder lege plein. Krekt sa leech as it fannemiddei wie.

 

Sera

Sera

Sera

 

 

Karen Bies
Geschreven door
Eindredacteur en coördinator Finster op Fryslân, programmamaker Omrop Fryslân.

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>