Sera #6 De dichter en de tsjinstfeint

Ferskûle yn in kelder ûnder in galery sit de moaiste bar fan San Sebastián. Foar jazzleafhawwers, jout de namme dúdlik oan. Mar dochs giet Sera de treppen ôf nei ûnderen ta, want jûn sille Pedro Pastor & Suso Sudón optrede. In duo dat harsels singer-songwriter & dichter neamt, mar dat op de youtube-filmkes foaral fleurich is.

De saak is it tsjuster it neist, mar as myn eagen deroan wûn binne sjoch ik dat it foar it poadiumke ien kliber fan famkes en jonge froulju is. Sadree’t Pedro en Suso opkomme begryp ik wol werom. It binne twa prachtige jongkeardels. Net kreas-kreas, mar mei harren lange hier, trendy burden, gitaar en skulpekettings sweve strân, kampfjoer, joint en ferlyfdheid as in wolk om har hinne. Pedro spilet gitaar en Suso begjint syn selsskreaune gedichten te deklamearjen. Soms seit er se yn heech tempo gewoan op, soms as in rap, soms spilet Pedro mei en komme der melodieuze refreintsjes by. Tûzenen wurden fleane de mûle út, mei sa’n faasje en sa’n wille dat it ien grut feest wurdt. It froufolk wit it net allinnich te wurdearjen, se kénne ek echt alle teksten. Sa kinst gedichten dus ûnder de minsken bringe.

Ik soe bêst wol tichterby de twa artysten komme wolle, mar tusken dit publyk fiel ik my âld en kânsleas. Oan de oare kant fan de saak stiet de bar, en ik helje wat te drinken. Achter de bar stiet in prachtige jonge frou yn in strakke felblauwe jurk mei gouden skouderstikken. Har bewegingen binne behearske, har útstrieling sereen. As se gjin acné hân hie soe se karriêre meitsje kinne as model.

Ik pak in barkruk en besjoch wat ik hjir drinke kin. Foaral cocktails wurde hjir skonken, mei in hiel soad iis. It meitsjen derfan kostet eefkes wat tiid, de dame-yn-blau is noch lang net oan my ta. Mar achter har rêch komt in wat snústerich mantsje foar it ljocht, mei in boesgroentsje en pears spencerke. Hy draaft suver op my ta en sjocht my woest oan troch syn grutte swarte bril. Ik skrik derfan, stammerje dat it mar in wodka-jus wurde moat. Hy knikt en draaft wer fuort. Drave… nee, hy huppelet. Fan de iene kant fan de bar pakt er in grut poatglês, dan springt er nei de oare kant en wit binnen trije tellen mei in griper tsien iisblokjes yn it glês te krijen. De man sil tsjin de sechtich rinne, mar griis is er noch net. Syn hier glimt, mar net fan swit. Hy swit hielendal net, hoewol’t er hipket as dûnse er op hite koalen. De wodka en de jus lit er tagelyk sierlik tusken de iisblokjes meanderje. Klear. O nee, hy sprint nei in kuolbak, fisket der in sinaasapel út, hat dy yn in omsjoch ferparte en fljocht dêrmei nei myn glês. Mei in knyptange parset er it focht derút, wêrnei’t er de skyl om de râne fan it glês drapearret.

Dan is it foar my. Hy set it foar my del en seit wat. Ik ferstean it net, en syn blik is kontaktleas – yn syn holle is er allang wer dwaande mei de folgjende bestelling. Lytser as tweintich euro haw ik net, dus ik fiel my wat beswierd. Hy pakt it oan, reaget yn de kassa om en jout my in tientsje werom. In koart freonlik knikje en fierder is ‘ie al. Oei. Mar ik sjoch op de priislist dat it kloppet, en dat ik noch lang net de djoerste bin.

Pedro en Suso sjonge, rappe, prate en feeste fierder. Mar ik krij myn eagen net mear los fan de barman. Syn draven, syn freonlik mar holle glimkjen nei elk, syn ferûntskuldigjend sjen nei de artysten as er in gedicht fersjteert troch lûdroftich iis te skeppen, it hat allegear wat mizerichs. Wat ûnderkrûperichs, sels. Hy wit dat er net yn it skaad stean kin by it plaatsje yn de blauwe jurk en de beide artysten. Mar hy lit de muzikanten skitterje en de bardame striele troch as in twirrewyn alles te regeljen, elk syn gerak te jaan.

It optreden is dien. It publyk hâldt net op fan klappen. Beide jonges freegje om in ekstra applaus foar harren gasthear Antonio. De ûnderkrûper hat it earst net yn de gaten, mar as in pear klanten him oanroppe draaft er fluch eefkes it poadium op, makket in ûnnoazel bûginkje en sprint gau werom nei de bar. Der moatte noch folle mear cocktails makke wurde.

It froufolk kleeft no as miggen om Pedro en Suso hinne. Oansketten keardels oan de taap longerje nei oandacht fan de prachtfrou achter de bar. Nimmen hat each foar Antonio. Mar dat deart him net, hy bliuwt as in sweltsje omfleanen yn syn saak. Noait haw ik ien mei safolle ynmoed sa tsjinstber wêzen sjoen. Hy sil soargje dat elk in gouden jûn hat. Dat is syn beropseare. En úteinlik sil hy der miskien wol it meast oan oerhâlde.

Sera

image1

Karen Bies
Geschreven door
Eindredacteur en coördinator Finster op Fryslân, programmamaker Omrop Fryslân.

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>