Oh 2018! Sigrid Kingma: De freding ferbrutsen

De freding ferbrutsen

It feintsje hat him deljûn
in lytse klint’, in geit derta
mei krammen, stikeltried
it smûk beamtegrien ôffrede
de wrâld yn ‘e achterholle
Wylst litte iepenmienskipminsken
tusearten trochsjitte, wâldbeantsjes dopje
om mei de triedden in ekodukt te knoopjen
foar eksoatysk wyld
Gastarbeiders sette sa gastfrij de hikke iepen
knippe de freding troch
de geit rint fuort, it lân bliuwt leech
It feintsje pakt de fyts wer op
en rydt de wrâld yn
Want sinne en wille
is mear as jild
yn bosk en iepen fjild
yn bosk en iepen fjild

Dyn gedicht ferwiist foar in grut part nei bekende Fryske ferskes, lykas De wâldsang en benammen It feintsje fan Menaam. Wêrom?

Dat woe ik hiel graach, ferskes brûke dy’t oer it Fryske plattelân gean. Ik die mei oan it festival Fier dyn Frije Taal, en dêryn wie it belangryk jins eigen taal te brûken. Dêrom sitte der ek in protte Wâldske wurden yn, lykas freding, foar in omheining, en tusearten, dat wy yn Drachten brûke foar beantsjes. De titel ferwiist nei Fedde Schurer, mei syn artikel De bining ferbrutsen. It feintsje fan Menaam is ek troch him skreaun.

Mar it feintsje yn dyn gedicht libbet yn in wat negative wrâld: hy hat him deljûn en libbet op in spultsje mei krammen en stikeltried. It liket wol in bunker.

Nee, hy is net sa útnûgjend, haha. Hy wurdt wat âlder, hat in eigen stik lân en libbet wat ôfsletten. Hy ken de wrâld wol, hy hat him yn ‘e achterholle. Mar hy hat no syn eigen plak. It is miskien net folle, mar it is him wol dierber.

Hy is in foarbyld fan in Fries, net fan alle Friezen fansels. Mar ik wol sizze: realisearje jim wol dat de bûtenwrâld sa nei jim sjocht.

Mar dan komme de ‘iepenmienskipminsken’ en dy knippe de freding troch. De geit, it besit fan it feintsje, rint fuort. It wurdt der net better fan.

Nee. Hy wurdt hast de bûtenwrâld yn twongen. Mar it kin beide kanten út: hy hat der miskien ek wol nocht oan. Ik bin tagelyk wol kritysk: de kulturele haadstêd moat net syn eigen minsken fuortjeie. En as’t de hikken iepensetst, rinst wol in risiko. Der kin wat nijs bykomme, mar kinst ek wat kwytreitsje. Der binne miskien oare manieren om ús nei de wrâld te iepenjen sûnder dat risiko.

It gedicht is ek kritysk op it idee fan de iepen mienskip.

Ja, it is wol in bytsje beskuldigjend. Der sit wat in hâlding yn fan: as de Friezen der sels neat oan dogge, bliuwe se tefolle yn harsels keard. Ik fyn datst net te folle krityk hawwe moast op minsken dyt’st helpe wolst. Ik haw it ek bewust oer de ‘iepenmienskipminsken’. It is wol in bytsje in sekte.

Oan ‘e oare kant sis ik net dat it neat wurde sil. It feintsje fytst fuort en dat is it. Hoe’t hy him der by fielt, dêr haw ik gjin oardiel oer.

Ik haw wol myn fragen oer de Kulturele Haadstêd. Kinst der tink ik pas wat fan sizze as it rint. Mar oant no ta bliuwt it hingjen yn gedachten en fage omskriuwings.  Wolst dochs dat de minsken meidogge, en mei elkoar yn kontakt komme?

Niels Gerstel
Geschreven door
Werkt al bijna 30 jaar in de Friese Media. Oprichter van GPTV, de eerste Regionale Commerciële TV-zender in Nederland. Mede-bedenker van Finster op Fryslân.

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>