Oh 2018! Arjan Hut: 1 De Winst – 2 De Mienskip

In deze aflevering van Oh2018! geeft schrijver/dichter Arjan Hut zijn visie op LWD2018. Arjan was in 2005 en 2006 de stadsdichter van Leeuwarden. Hij schreef in die jaren zijn dichtbundel 0506.

Deze keer niet één maar zelfs twee gedichten over de culturele hoofdstad. Als vooronderzoek doorzocht hij het bidbook en vond daar een heleboel moeilijke woorden. Maar waar gaat het nu eigenlijk om. Wij hebben gewonnen! Wat nu ook gaat gebeuren, het maakt niet uit, want WIJ HEBBEN GEWONNEN!

1. DE WINST

It mobilisearjen
fan in brede laach fan de befolking
dat falt noch net ta
en ek it befoarderjen
fan de dialooch tusken kultueren
klinkt ienfâldiger as it is
en de mienskiplike eleminten
fan ús kontinentale wêzen
werombringe ta in kearn
dy’t syn oarsprong fynt
yn it eigen fermidden
en dat útfergrutsje
en presentearje
dêr moat men dochs effektyf
meardere deidielen foar reservearje
en jins unique selling point fine
en ynsette en tagelyk
helder kommunisearje
doch it mar sels mar ris
piipest wol oars
mar der is ien ding
dat nimme wy mei
út ús mienskipsdream
der is ien ding
dat pakt net ien ús ôf
wy ha ús bidbook nei foarren skoot
en wy ha wûn
en al komt it op kop en earen ferkeard
wy ha wûn.

II. DE MIENSKIP

Elke groep minsken
foarmet in mienskip
dat is sa
it giet suver automatysk
wy binne minsken
gjin panda’s
wy wurkje meimekoar
en libje meimekoar
ek al wurdt dat
ús wolris dreech makke
troch minsken dy’t dêr
foar leard ha
wy sette troch
omdat it moat
omdat it oars net kin
as wy net trochsette
dan kakt de hiele brut
ynmekoar
wy sette troch
wy tinke wat wy miene
wy skipperje
wy ferbine
wy binne de bân
om alle ellinde
en om alle wille
op dizze hiele rot’rige klút ierde
wy sette troch
en net omdat der wat te winnen falt
want der falt neat te winnen
dêr’t wy belang by ha
wy sette troch
dat is de winst.

Niels Gerstel
Geschreven door
Werkt al bijna 30 jaar in de Friese Media. Oprichter van GPTV, de eerste Regionale Commerciële TV-zender in Nederland. Mede-bedenker van Finster op Fryslân.

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>