Fersefilla: It ivige dat jo boppe it tydlike úttilt

Fryske gedichten binne yn mannich poëzijbondel te finen, mar wat foar rol spylje se yn it deistich libben? Yn Fersefilla fertelle ynwenners fan Fryslân oer gedichten dy’t har nei oan it hert lizze.

Diel 7: Baukje de Jong, âld-boerinne fan de Grûns út De Gaastmar oer in part fan it fers It koarte libben fan Douwe Tamminga.

Tekst en byld: Gerbrich van der Meer

 

 

It folsleine gedicht nochris:

It koarte libben

Nei Preker 12

 

Tink oan dyn Skepper yn dyn jonge dagen,

dy tiid, oerbrûzjende fan fleur en smjocht,

eardat de jierren komme, dreech te dragen,

dêrsto fan seiste: my fergiet de nocht.

 

Eardat it ljocht fan sinne en moanne mindre,

de stjerrewrâld syn klear kontoer ferlear,

it ûntlij fan ’e dei dyn gong behindre,

as klomske buoien strune om hûs en hear.

 

Tiid dat fan hannen dy’t it honk bewekken

de kniip ferflauwet en dyn knibbel dûkt,

tiid dat de mealsters yn it neigean rekken,

gjin niget mear it each nei bûten lûkt.

 

De doarren nei de strjitte komme op skoattel,

de mole swijt, ferliest syn lûde swang,

ta piipjen krimpt it koeren fan de toartel,

lyk alle lûd, ienris in hôf fol sang.

 

Tiid dat de heuvelskeante dy beswierret,

yn tûzen noeden rinst de rydwei oer,

dyn holle âldet, grizet en ferhierret,

de kapperbei skaft neat as wearzich soer.

 

Tiid dat de sulvren koarde knapt, ferrutsen,

dyn goudene lampe net mear oalje hat,

de dipkrûk by de welle stikken brutsen,

en ’t skeprêd yn ’e saad te pletter stoart.

 

De minske giet syn ivich hûs temjitte,

roukleiers sizze it yn ’e buorrens om.

In koarte nachtweits mei it libben hjitte,

in wekker-wêzen tusken slom en slom.

 

Betink, it stof giet wer yn ierde ûnder,

lyk as it wie wol ieuwen oer ien boech,

de geast lykwol keart wer werom, o wûnder,

ta God, dy’t him de earste sike joech.

 

D.A. Tamminga (1909-2002)

Geschreven door

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>