Eeltsje Hettinga Dichter fan Fryslân

Foar Eeltsje Hettinga as Dichter fan Fryslân is it plezier yn de taal it belangrykste. ‘Yn it meitsjen bin ik myn wurden,’ sei hy by syn beneaming. Yn de Herman Gortertsjerke yn Balk is Eeltsje Hettinga foar twa jier beneamd troch deputearre Sietske Poepjes. It Frysk is foar him fanselssprekkend, sei Hettinga. Hy ferwiisde yn syn taspraak nei syn talige famylje – syn heit, dy’t ‘sûnder omhaal in hiele jûn folprate’. Hy neamde ek syn âldere broer Tsjêbbe Hettinga, de dichter dy’t yn 2013 ferstoarn is.

De Dichter fan Fryslân sil seis oant tsien gedichten yn ‘t jier skriuwe. Hy lit him dêrby ynspirearje troch wat der om him hinne gebeurt. As Dichter fan Fryslân wol Hettinga gearwurkje mei oare keunstners, lykas hy no ek al docht mei fideokeunstner Lotte Middendorp. Hy sil selsstannich en ûnôfhinklik bliuwe.’Unôfhinklikens betsjut yn dizzen dat ik nimmen’s slippedrager bin, net fan de polityk noch fan hokker ideology ek,’ sa sei Hettinga.

Syn earste wurkstik as Dichter fan Fryslân, in gedicht yn trije talen, sil Hettinga mids jannewaris publisearje. It wurdt in grutte poëzy-ynstallaasje. Byldzjend keunstner Machteld van Buren makket in transportbân, besteande út njoggen doeken, dêr’t de dichter mei de hân syn wurden yn skriuwt.

Mei it projekt ‘Dichter fan Fryslân’ wol de provinsje in grutter publyk berikke foar poëzy. Eeltsje Hettinga is keazen út 36 dichters, dy’t in gedicht en in skriuwplan ynstjoerd hiene. Yn de sjuery sieten Tamara Schoppert, Peter van Lier en Obe Alkema.

Eeltsje Hettinga hat de kompetysje wûn mei dit gedicht: Under de steden.

 

Under de steden

Fannacht ferve in snijen alle klokken wyt.

Kaaien en fabriken, pleinen en skippen,

alles lei te sliepen.

Dêr’t ik omdangele, heal yn mysels ferrûn,

seach ik yn blau lantearneljocht

in heit, in broer en

it jachtsjen fan har skaden,

swart as de hynsters dy’t har ienris

troch liet en lichem draafden.

Ticht leine alle fivers en grêften

ûnder de winterhimel, in sark.

Njonken de Blokhúspoart stie ik as in muorre.

By de sonoare klanken fan in lege saks

blafte in hûn in kâlde ûnrêst.

Fierderop kaam in skip fan syn kaaien los,

briek mei geweld

troch it kreakjende iis,

ferswevend ûnder nacht syn steden.

Ik seach de skaden fan in heit, in broer,

in ferdwinen yn in hielal, sûnder tekens.

Fan alle wei en wegen bin ik

de ferlitten stêd, mei wenten en winkels en

in gerjochtsgebou, sûnder finsters.

Njonken de Blokhúspoart stie ik as in muorre. 

 

 

 

Eeltsje Hettinga is skriuwer, dichter en sjoernalist. Hy publisearre fiif poëzybondels. Syn debút ‘Akten fan Winter’ (1998) waard bekroand mei de trijejierlikse Fedde Schurerpriis fan de provinsje Fryslân. Foar syn poëzy krige er fjouwer kear de Rely Jorritsmapriis. Syn bondel ‘Ikader’ waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2013. Yn ‘e mande mei fideokeunstner Lotte Middendorp makke Hettinga it poëzyprojekt ‘It Font’ dat yn 2016 te sjen wie yn Museum Belvédère en it Fries Museum.

Karen Bies
Geschreven door
Eindredacteur en coördinator Finster op Fryslân, programmamaker Omrop Fryslân.

1 reactie

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>