Wonderland moat ferwûnderje

Mei it tema ferwûndering is de teatrale keunstbelibbing Wonderland úteinset yn de Westertsjerke yn Ljouwert. It inisjatyf moat de byldzjende keunst in ympuls jaan. Der dogge tal fan keunsners mei yn ferskillende disiplines. Der binne foarstellings, performances en der is in belibbing mei virtual reality. De groepstentoanstelling is in mini-festival mei moadeshows, flústerlêzings, in magysk buffet, teater-sneak-peaks en ferwúnder-workshops, sa seit de organisaasje sels.

Festige en jongere keunstners

Atelier Spoonk hat foar dizze eksposysje keunstners frege om wurk te meitsjen of oan te leverjen. Dat is dien troch: Jos Andringa, Paul Andringa, Joris Collier, Minne Hoekstra, Dolph Kessler, Caro Kroon, Jan Nauta, Marijke Sjollema, The Dolphin SwimClubVR, L.J. van Tuinen, Egbarta Veenhuizen en Marsja van der Veen. Der dogge ek jonge keunstners mei ûnder de namme Jonge Wonders:  Edzard Jager, Dianne Wimmenhove, Lisette van Straaten, Angelos Messios en Wouter Speksnijder. Wonderland is oant en mei 7 april.

Geschreven door

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>