Troutafel fan Stoarmhout yn stedhûs Ljouwert

De tentoanstelling ‘Stormhout’ sil op 22 septimber iepene wurde troch Piet Paulusma. Hy wie in belangryk man op de Fryske radio en TV op 28 oktober 2013. In swiere stoarm luts doe oer de provinsje. Tûzenen beammen waaiden om. ‘Wat gebeurt der mei al dat prachtige hout?’ tocht meubelmakker Erik Heere út Aldebiltsyl. Hy woe foarkomme dat it hout yn de fersnipperder of yn ‘e kachel ferdwine soe. Hy frege de gemeente om in pear beammen, om se in twadde libben te jaan. Mei trije oare keunstners – Sibe Jan Kramer, Ineke van der Blom en Martijn van Houten – begûn hy it projekt ‘Stormhout’. De gemeente Ljouwert en de gemeente it Bilt hawwe de groep in oantal beammen jûn.

It is fjouwer jier letter – de earste hjerststoarm fan 2017 is alwer oer Fryslân hinne gien – en de beamstammen binne goed opdrûge. De meubelmakkers hawwe in eigen kolleksje ûntworpen foar de tentoanstelling ‘Stormhout’. En as tank foar it hout hawwe de keunstners meiinoar in spesjaal meubel foar de mienskip makke: in troutafel. Dy komt yn de trouseal fan it Ljouwerter stedhûs te stean. It is in tafel fan ferskillende soarten hout – iik, goud-esk, bjirk en plataan. De planken hawwe ferskillende dikten en binne net allegear like lang. Dit symbolisearret it houlik, seit Sibe Jan Kramer: ‘Minsken hoege net gelyk te wêzen om dochs in sterk gehiel te foarmjen.’

Yn de wurkpleats ‘Heere’s Huys’ fan Erik Heere yn Aldebiltsyl binne de fjouwer keunstners meiinoar oan de troutafel oan it wurk.

De eksposysje ‘Stormhout’ yn it Natuurmuseum Fryslân duorret fan 22 septimber 2017 oant 7 jannewaris 2018. Dêrnei komt de troutafel écht yn funksje yn de trouseal fan it Ljouwerter stedhûs.

Sibe Jan Kramer wurket oan de (ûnderkant fan de) troutafel.

Karen Bies
Geschreven door
Eindredacteur en coördinator Finster op Fryslân, programmamaker Omrop Fryslân.

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>