De Pauperfontein: in satirysk antwurd op The Eleven Fountains

Op dit stuit is it drok mei de presintaasjes fan The Eleven Fountains, in kado fan KH2018 oan de Fryske stêden. Der is ek ûngemak oer de hiele proseduere. Henk de Boer, byldzjend keunstner út Warkum, hat mei Stichting de Paupers besocht om foar dy ûnfrede in teatrale foarm te finen. It waard de Pauperfontein.

Tekst en interview: Gerbrich van der Meer – Fideo: Niels Gerstel

Ferline jier hong der al in tekenwurk by teaterstik Kepler, in maatskippijkrityske foarstelling fan Stichting De Paupers oer de macht fan de nullen, fertelt byldzjend keunstner Henk de Boer. It stik waard yn de simmermoannen op it eilân Breewar flakbij Warkum opfierd. It byldwurk, in fontein opboud út dripkjende penissen, wie in prélude op de Pauperfontein dêr’t 14 febrewaris in crowdfunding aksje foar hâlden wurdt. It is dúdlik in satirysk wurk wurden as reaksje op de gong fan saken om it KH2018-projekt The Eleven Fountains hinne.

In earste bijienkomst yn Warkum, ferline jier, oer it kommen fan in fontein makke de bewenners der net rêstiger op, sa fertelt Henk de Boer. ‘Neipratend yn it kafee sei ik doe út de gek: sa kinne we ek wol in iepenbier toilet meitsje as hingplak. Want dêr is no echt ferlet fan yn Warkum. En dan wurdt it in fontein fan lullen. Dan kriget jan lul ek in stim en as er dan yn it toilet pisset, spuitet de fontein syn wetter. As dat gjin mienskip is!’ Der waard gniisd, mar it liet de omstanners net los. En ynienen ûntstie it idee om yn it echt ek sa’n fontein te meitsjen, om dy rûnride te litten yn ‘e doarpen en in teaterstik om hinne te bouwen, spile troch froulju.

Fontein fan Kepler

Fontein fan Kepler

Ferbylding kin net sûnder ferhaal, en sa betocht de stichting it ferhaal fan in ikoanysk keunstwurk dat hûndert tûzen jier lyn op Breewar stie en fjirtich tûzen foar Kristus fernield wie. By opgravingen kamen der brokstikken fan in fontein boppe wetter dy’t út tsientallen penissen bestie. In fontein fan en foar jan lul dus yn ‘e foarm fan in iepenbier toilet. In fontein dêr’t de gewoane man lid fan wurde kin troch in penis te adoptearjen dy’t hy nei ôfrin ek kriget as de fontein wer ôfbrutsen wurdt. ‘Sa hat net ien mear der plezier, mar ek gjin hinder fan.’  Henk de Boer en konsorten fine it wichtich dat yn dizze fontein de stim fan eltsenien werklinkt. ‘De minsken mei meitinke en meibouwe. Sadat se oan ‘e ein sizze: dit hawwe we dochs mar efkes meielkoar dien!’

Pauperfontein

De Pauperfontein

De Pauperfontein is in kritysk en humoristysk antwurd op de hiele proseduere fan The Eleven Fountains dêr’t de mienskip amper ynbring hat en suver allinnich mar as klapfee tsjinnet. Mei as djiptepunt de presintaasje fan de fontein yn Frjentsjer dêr’t it publyk al klapte wylst de fontein noch heal yn it pypskom siet.

Jouke van Dieren, skipstimmerman en frijwilliger bij de stichting, kin noch kiezzich wurde oer de presintaasje fan ‘De woeste leeuwen’, ferline wike yn De Klameare yn Warkum. ‘Cornelia Parker heeft gekozen voor twee leeuwen omdat die representatief zouden zijn voor Workum. Maar als je goed kijkt zie je dat het in alle Friese steden stikt van de leeuwen. En in de andere provincies ook.’  De Nederlânske liuw is net allinnich in wichtich symboal yn de heraldyk, mar wie ek mear as twa hûndert jier it skaaimerk fan de Republiek der Zeven Verenigde Nederlanden. Logysk dat it optilt fan de liuwen yn Nederlân. ‘ Hoe kan het dat de fonteincommissie haar daar niet van op de hoogte heeft gesteld?’

Stichting De Paupers

Leden fan stichting De Paupers yn gearkomste

Foar it projekt The Eleven Fountains is socht nei bûtenlânske keunstners. Om de blik fan de Friezen te ferbreedzjen? Of wurket it oarsom. Is der sprake fan in simplifikaasje? Hawwe de keunstners har echt ferdjippe yn wat der hjir spilet? Yn Fryslân kinst op âlde grêfsarken de wjuk fan in flearmûs fine as symboal fan de nacht en de dea. Dat de flearmûs neffens de Flaamske keunstner ek in symboal fan hope wêze soe, stiet dêr mar wat fier by wei. Dochs sil in flearmûs fan trije by fiif aanst foar de Broeretsjerke fan Boalsert komme te stean.

Wie it dan sa lestich om gearwurkingsferbannen op te setten tusken betûfte Fryske keunstners dy’t thús binne yn dizze mienskip en bûtenlânske om al oparbeidzjend ta wat fernijens te kommen? Wat moat Dokkum mei in iisfontein yn in tiid dêr’t de mienskip hieltyd mear it belang fan duorsemheid ynsjocht? Doe’t Henk de Boer, sa fertelde er, by de definitive presintaasje fan ‘De woeste leeuwen’ wie en wat oer it ûntwerp sei, liet Parker en public falle dat Henk de Boer har ûntwerp miskien wol útfiere woe. Krekt as dy Fountains in foarm fan ûntwikkelingshelp is. De fraach is dan allinnich:  wa moat wa no ûntwikkelje?

Geschreven door

2 reacties

  1. Prima actie van Henk de Boer. Wie zit nou hierop te wachten. Dit had ook binnen eigen gelederen opgelost kunnen worden met inderdaad eenjarige kunstwerken. Misschien allemaal met en gezamenlijk thema of ook weer niet, maar in ieder geval iets waarmee je getrokken wordt om door Friesland te trekken o ze te bewonderen. En daarna weer afbreken en overgaan tot de orde van de dag.

    Reageer
  2. is het niet een vreemd verhaal dat andere kunstenaars het beeld moeten gaan maken dat is net zoiets als van Gogh onder een Rembrant zetten

    Reageer

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>