Optimisme tsjinoer skepsis oer KH2018 by Ateliergroep Nijlansdyk

De keunstners fan Ateliergroep Nijlânsdyk yn Ljouwert litte krityske lûden hearre oer KH2018. Ik woe wolris hearre wat harren krityk krekt is? En hoe is de belutsenheid by KH2018? At dy der net is, hoe moat der dan wat oan dien wurde? Yn dizze reportaazje besykje ik de negative kreativelingen, mei help fan de optimisten yn de groep, wat enthûsjaster te meitsjen. Want 2018 komt hieltyd tichter by en it brûst nei myn idee noch net echt op dit kreative briedplak. Dat is it âld-skoalgebou nei 8 jier wol wurden. Ik hear fan de nije plannen en projekten dy’t der binne.

Mar dizze ‘ longview’ is ek in portret fan in mienskip en de minsken yn it gebou. Ik praat mei keunstners at se oan it wurk binne, lykas Elmar Kuiper en Caro Kroon. Tusken de ateliers mei skilderijen, objekten, dekors en moade, sit ek in wyksintrum. Sawol foar ûntspanning as foar wurk. Wykbewenners mei in útkearing dogge hjir wer mei yn de maatskippij. Dat kin op eigen tempo as frijwilliger by de buertsoos, de twaddehânswinkel of de reparaasjesaak. Partisipaasje dus, op in plak dêr’t heechkonjunktuer yn de sirkulêre ekonomy hearsket. Fierder komme der yn de ateliers learlingen fan allegear kreative ûnderwiisrjochtingen dy’t hjir lessen folgje.

Sloop

En net ien fan de brûkers fan dit skoalgebou is wis fan it fuortbestean hjir. Se hiere tydlik romte as soarte fan anti-kraak. De âlde LTS soe al ris hast sloopt wurde. It is alle jierren wer ûnwis at se der sitten biuwe kinne. En no ek foar 2018! Dat fine se tige spitich. En it ferklearret miskien ek de skeptyske hâlding tsjinoer oerheid en grutte manifestaasjes lykas KH2018. De fraach komt op: wurdt it in mienskips- of in elitefeest?

Byld, montaazje en muzyk: Ronnie Porte

Geschreven door

1 reactie

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>