Tosta: Wat & Hoe yn sân talen

Tosta is in meartalich projekt fan Kulturele Haadstêd 2016 Donostia/San Sebastian. It giet oer artistike kreativiteit, leafde foar lytse talen en it fieren fan kulturele diversiteit. De sân mienskippen dy’t oan Tosta meidogge binne: Baskelân, Galisië, Wales, Cornwall, Ierlân, Skotlân en Fryslân. Keunstners hawwe in skoft wenne en wurke yn in oare regio. Muzikanten út dy lytse mienskippen foarmen meiinoar in band. In festival, mei de band en de keunstwurken, reizige lâns de ferskillende regio’s en it lêste Tosta-festival wie ein septimber yn Errenteria, Baskelân. Mirjam Vellinga fan de Afûk wurke oan Tosta mei.

tekst: Mirjam Vellinga film: Jorge Fernandez Mayoral foar DSS2016

It wie in prachtich festival mei in grut ferskaat oan muzyk, dûns, film en iten en drinken. Alle partners wiene dêr oanwêzich. It wie suver wat ûnwerklik om yn in stêd, dêrst noch nea earder west hast, safolle bekenden tsjin te kommen!

Kultuerferskillen… Mañana?

Doe’t wy begûnen oan dit projekt wienen wy fansels hiel benijd hoe’t de gearwurking gean soe. Hoe wurket elkenien? En is it echt sa dat men yn Spanje it wat minder nau nimt mei deadlines? En hoe sit dat eins mei de Ieren en de Skotten? En hoe sjocht men tsjin ús oan? Om earlik te wêzen… wy tinke dat de foaroardielen dy’t oer ús Friezen bestiene wol aardich befêstige binne: op ‘e tiid, soms wat te direkt yn ‘e kommunikaasje, (te) effisjint, (te) pragmatysk. Sels as wy in kear nét as earste wat oanleverje woene en mei sin in pear dagen wachten, wiene wy noch de earsten. Sucht…. Gelokkich hiene wy dêryn meistanners en dat wiene… de Basken! Neat gjin mañana… trochpakke bliksem. De Kelten hiene dêr soms wat oare ideeën oer. Dat soarge fansels wolris foar argewaasje, mar ek foar hilariteit. Uteinlik binne wy der altyd útkommen mei-inoar, ek al praten wy net altyd deselde taal.

De Frysk-Baskyske taallink 

It Frysk en it Baskysk hawwe neat mei-inoar te krijen. Sterker noch: it Baskysk hat mei gjin inkelde taal wat te krijen. It is in saneamde ‘isolearre’ taal dy’t mei gjin inkele oare taalgroep yn de wrâld ferbûn is. Fansels is it dan krekt in útdaging om dan dochs in oerienkomst te finen. En dy hawwe wy fûn! Op it Tosta-festival yn Dokkum bledderen wy mei de Basken it taalgidske Hizki Mizki troch. In soart Wat&Hoe foar de sân talen binnen it Tosta-projekt. En ús each foel op it wurdsje ‘heit’. In wurd dêr’t ek net bekend is wêr’t dat no krekt weikomt. It liket yn defierste fierte net op ‘vader’ of ‘papa’. Mar yn it Baskysk is it ‘Aita’. Heit… Aita… sis no sels. En it is ek noch ien fan de oerwurden út de taal. Dat kin gjin tafal wêze. (It is grif tafal, mar wy hâlde de yllúsje graach yn stân).

hizki-mizki-heit

Fryslân en Tosta

Wat hat dit no allegear opsmiten?
Marit Talens makket as Fryske sjongeres diel út fan de Tosta-band dy’t op alle festivals spile hat. Der is ek in cd opnommen en der binne plannen foar in tournee. Aukje Schaafsma hat in skoft yn Cornwall wenne en wurke en in fideokeunstwurk makke. De Ierske keunstneres Nuala Ní Fhlatuín hat in skoft yn Marrum yn de Molfabryk wenne en wurke en in keunstynstallaasje makke (fotogragy en skulptuer). Streetartist Klaas Lageweg hat in keunstwurk makke op ien fan de konteners dy’t as brûkt waarden op it festival. It Tosta-festival hat fan 2-4 septimber Dokkum oandien tidens de Admiraliteitsdagen. BWH ontwerpers út Ljouwert hat it Tosta-logo en de website makke.
Der is in hiel moai netwurk ûntstien tusken de sân ferskillende regio’s. Fan dêrút bouwe wy no wer oan nije projekten en gearwurkingsfoarmen, û.o. foar Lân fan Taal en Galway2020.

Karen Bies
Geschreven door
Eindredacteur en coördinator Finster op Fryslân, programmamaker Omrop Fryslân.

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>