Sera #5 Neaken

De Fryske sjongeres Sera is in skoftke yn San Sebastian, har blog lêze we alle wiken op Finster. Hjoed: Sera giet nei in konsert en komt neist in jonge frou te sitten. Har broer treedt op. It wurdt spannend as de bertsolari’s begjinne: ymprovisaasjes mei in opdracht. Binnen in pear sekonden moatte de dielnimmers betinke wat se fertelle sille, en in melody dêrby. Je steane eins neaken op it poadium. 

Fan bûten liek it wat in suterich gebou, mar hjir binnen is de grutte evenemintehal ien en al gesellichheid en waarmte. Ik skat dat der seker fiiftûzen minsken op de tribunes en banken sitte. De blide ferwachting hinget yn de loft. It poadium telt seis lege stuollen, in kateder en televyzjeljochten. In stik as wat kamera’s stean opsteld foar de live-útstjoering. Fierder is der net folle dien oan oanklaaiïng, mar de minsken binne optein as siet der in show fan Beyoncé oan te kommen.

Ik sykje in plakje op de fjirde rige. Njonken my sit in famke – of jonge frou? Se kin santjin wêze, mar tritich kin ek. Har gesicht is moai geef, sûnder in rimpeltsje of in flekje. Se hat lytse, mar prachtige ljochtbrune eagen. Mar it meast opfallend is har swarte hier, dat se knipt hat yn in soarte fan Mondriaan-model: hoekige stikken ôfwiksele mei sirkelfoarmige patroanen en in pear lange smelle stringen dy’t by har holle delhingje. Ik wit net fuortdalik oft ik it moai fyn, mar yn kombinaasje mei har sêfte útstrieling jout it har wat autonooms, dêr’t ik suver oergeunstich op bin. Ik haw oanstriid om har te komplimentearjen mei safolle moed, mar dat is miskien wat nuver om te dwaan tsjin immen dêr’st noch gjin wurd mei wiksele hast. We knikke eefkes freonlik nei elkoar.

Dan begjint it publyk entûsjast te klappen en te sjongen. Fanút in doar oan de sydkante komme de seis dielnimmers oan dit bertsolari-festival yn poepemars oanrinnen. Se klimme it poadium op en nimme it applaus ferlegen yn ûntfangst. Se stean derby as hienen se gjin tiid mear hân om har te ferstrûpen. De twa froulju ha net oerwage om in leuk jurkje oan te lûken en ek de fjouwer manlju hawwe it kreaze oerhimd of kolbertjaske thúslitten.

Ik sjoch nochris goed nei de achterste fan de seis. Is dat net… ja, dat is him wol. Iban. Dêr stiet er, yn in brune ribbroek en blauwe skipperstrui, de jonge dy’t ik in pear wiken lyn trof by in konsert oan de baai yn myn doarpke. We hienen wat kontakt, mar hy heakke ôf doe’t ik tefolle frege oer de ETA. Letter hearde ik fan oaren dat se har altyd wat soargen om Iban meitsje, mar nimmen woe my krekt fertelle wêrom.

As de presintatrise him foarstelt klapt myn buorfamke flink hurder as by de oaren. Ik sjoch har freegjend oan. Se glimket en seit wat. Ik gebaar har skruten dat ik it Baskysk net behearskje. Dan seit se: “He’s my brother.” Ik knik entûsjast, wol har fertelle dat ik Iban ek in bytsje ken, mar de presintatrise freget oandacht foar de earste ronde. De kandidaten moatte yn twatallen in rollespul spylje. It hat wat fan ‘De Lama’s’ of fan ‘De vloer op’, mar ik bin ferstuivere as de bertsolari’s begjinne. Se krije net allinnich in ûnderwerp, mar ek in metrum taskikt. Binnen in pear sekonden moatte se betinke wat se fertelle sille, moatte se in melody dêrby fersinne, in tekst meitsje dy’t yn it metrum past én rymt, en dat sjonge. Sûnder muzikanten, sûnder dat se har tariede kinnen ha. Ik ferstean der neat fan, mar sa no en dan krabbelt myn buorfamke yn in pear stekwurden wat foar my op papier, sadat ik it in bytsje folgje kin. Ik bin djip ûnder de yndruk fan wat de dielnimmers sjen litte. Se sjonge mei humor en mei earnst, oer in telefoanpetear wêryn’t Donald Trump de felisitaasjes yn ûntfangst nimt fan Clinton en hieltyd ferfalt yn in spottend Hilahahahary, oant oer de prachtige treurichheid fan allinnich op fakânsje wêze. Kandidaten wurde ôfrekkene op ynhâld, taalgebrûk en sjongen.

Ik besykje my foar te stellen wat der yn dy pear sekonden yn harren holle gebeurt. Wat hy wy, muzikanten, it dan maklik. We kinne weromfalle op de muzyk, op de tekst dy’t we al kenne. Dizze minsken hawwe hielendal neat. Alles moatte se yn in pear tellen betinke. Neakener kinne je net op in poadium stean. Ik snap ek better wêrom’t oanklaaiïng der net ta docht, likemin as kontakt mei it publyk. De bertsolari’s moatte alle enerzjy dy’t se hawwe brûke om har te konsintrearjen, der is net iens romte foar in glimke nei it de seal, of in bûginkje. Ik ha noch noait sa ûnder de yndruk west fan in poadiumact – en klap myn hannen stikken. Foaral as de beide finalisten bekend wurde: Iban sit derby! Myn buorfamke en ik jûchheie as echte groupies. Ik bin sa grutsk op Iban, dy jonge jonge waans eagen krekt sa moai binne as dy fan syn suster. In jonge dy’t je oan je boarst drukke wolle, ek al witte je net wêrom mar je tinke dat him dat helpt.

De finale-opdracht liicht der net om. Iban moat in ferhaal sjonge oer in echtpear dat op in kuiertocht by in ravyn delrint. It is oan him om te betinken wat se dêr fiele en hoe’t it fierder giet. Yn trije koupletten fan tsien rigels moat er him uterje, ôfwikseljend fan sân en seis lettergrepen, en eltse twadde rigel moat rymje. Ik hâld de siken yn. Ibans sus ek. Se doart net nei him te sjen, stoarret nei it programmaboekje ûnder de stoel. De smelle stringen hier hingje har oant op de knibbels.

Iban begjint. It sjongen is wat wif. Ik hear myn buorfamke hymjen. Oan it publyk fernim ik dat er wat bysûnders docht. Nei it earste kouplet jout er himsels in pear tellen betinktiid. Ik sjoch njonken my. Se flústert: “Dit giet oer ús heit en mem. Se binne skieden. Om wat ús heit dien hat.”

Ik knik. Wat kin’k oars? Iban giet fierder. Om ús hinne sitte minsken dy’t skynber witte dat myn buorfamke syn suster is, want der wurdt nei har sjoen. Sy hâldt har eagen by it programmaboekje. Oan Ibans stim is goed te fernimmen dat it ferhaal himsels bot rekket, mar hy hâldt it yn de macht. Mûsstil is it, as it twadde kouplet dien is en Iban him tariedet op it lêste. Myn buorfamke wol eins net prate, mar ik bliuw har toch freegjend oansjen. “Us mem libbet net mear. Se hat sels…” se gebaart wat, mar liket dat ek wer weromnimme te wollen. Ik sjoch mar foar my út, no.

Dan rint Iban wer nei de mikrofoan ta. Hy slokt eefkes. Set de earste sin yn. Ik tel mei. Keurich sân lettergrepen. Dan ien fan seis. Dan wer ien fan… Iban heakket. Sjocht dan foar it earst it publyk yn. De eangst stiet yn syn eagen. Hy is derôf. De holle giet foardel. It publyk lit in hoeden ‘òòh’ hearre. Iban sykhellet eefkes djip, pakt de mikrofoan fêst mei syn hân, wol him herpakke. De mûle giet iepen. Mar der komt gjin lûd út. Hy sjocht myn kant út. Nee, nei syn sus. Dan knypt er de eagen stiif ticht. En docht in stap nei achteren, by de mikrofoan wei. In ferûntskuldigjend knikje nei de presentatrise, dan giet er op de stoel sitten. De seal bliuwt in pear tellen deastil, dan brekt in geweldich applaus los. Ek fan my. Lykas mear minsken kom ik oerein en klap steandewei noch hurder. Hy sil de finale net winne, mar oangripender as dit kin it net wurde.

Pas dan sjoch ik nei myn buorfamke. Dy sit noch, doart net rjocht oerein te kommen. Ik help har omheech, fiel oan alles dat se dêr sels gjin krêft mear foar hat. Minsken sjogge nei har. Se fynt it net noflik. Ik slach myn earm om har hinne en triuw har tsjin my oan.

Ea sil ik it ferhaal fan Iban noch wolris hearre. Mar hjoed hoecht dat noch net.

Sera

Sera

Sera

 

 

 

 

 

 

Karen Bies
Geschreven door
Eindredacteur en coördinator Finster op Fryslân, programmamaker Omrop Fryslân.

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>