Sera #2 Op ‘e rin

Op besite yn kulturele haadstêd San Sebastian sjochst of fielst soms de herinnerings oan de Baskyske skiednis fan ûnderdrukking en geweld. De Fryske sjongeres Sera is yn de stêd om nije ynspiraasje op te dwaan. Yn har blog by Finster skriuwt se oer minsken dy’t se moetet en ferhalen dy’t se heart.  

Op ‘e rin

It paad oer de rotsen is smel en kronkelich, mar goed te berinnen. De sinne belooft hjoed prachtich ûnder te gean, dus de kuier is fol ferwachtings. Yn de fierte komt in frou oandraven. Al te jong is se net, lykwols wjerhâldt har dat der net fan om in fluorissearjende skinny sports suit te dragen. As se flak foar my is hâldt se eefkes yn. Soe se wat fan my… nee, se wachtet op in tsjinlizzer, dy’t krekt dwaande is my yn te heljen. Ik hie him net achteropkommen heard op syn Nike Airs. Soepel slalomt er om my en de âldere frou hinne, sûnder ien fan ús te groetsjen. In pear tellen letter is hy om de bocht ferdwûn.

Fannemoarn hat Bixente it ‘the Basque disease’ neamd: drave. My wie it ek al opfallen, nearne haw ik safolle minsken hurdrinnen sjoen as hjir. Sportklean oan, eardopkes yn en hoppa, lâns de boulevard, oer de drokste diken, dwerstroch de binnenstêd en bûtenút. Drave, jogge, hurdrinne – je hoege der hjir net jong of slank foar te wêzen, se dogge it allegear.

In sykte, neffens Bixente. Hy hat der in teory oer betocht. De Basken ha jierrenlang finzen sitten. Under Franco-rezjym, yn ETA-terreur, yn sosjale struktueren en famyljeferbannen dy’t in ferlamjende útwurking hienen op harren gemoed. Mar no, sûnt in jier as wat, stean de finsters iepen. Der is nije enerzjy, nije dynamyk. Aldermiters oan mooglikheden. Dus in hiel soad ferlet om werom te sjen op froeger ha de minsken net. Want dêr sit alles noch te bot fertize yn elkoar: eltse famylje hat syn pynlike histoarje en konflikten.

“En dus sette we it op in draven. Witst wêrom? Omdat hurddrave by útstek yndividualistysk is. Dan ha je neat mei de oar te krijen, je hoege net mei oaren te praten, je hoege inoar net iens oan te sjen. Je binne allinnich mar dwaande mei je eigen prestearjen en wolwêzen.” Bixente joech grif ta dat de metafoar miskien wat fier socht is, mar hy leaude echt dat syn idee yn de kearn kloppet. “Boppedat”, sei er, en hy sette foar de safolste kear syn wynglês del sûnder in slok naam te hawwen, “boppedat sjocht in hurdrinner noait achterom. Dat kin net, dan soed er fuortdaliks botse of stroffelje. In hurdrinner sjocht rjocht foarút, altyd. Dat past ús goed.” Hy laket wat ûnhandich, om te kamouflearjen dat er eins wol grutsk is op syn fynst.

Ik kuierje fierder it slingerpaadsje by de see del. Sjoch om my hinne. Links fan my stiet it monumintsje foar Pedro, Rafael, Dioni en José, alle fjouwer binne se omkaam by in plysje-aksje tsjin de radikale anti-kapitalistyske splintergroep dêr’t hja lid fan wienen. It wie in klassike hinderlaach. Rosa, it fyfde lid fan de groep, wie in pear dagen earder oppakt, en nei martelings en bedrigings hie de plysje har safier krigen dat se hjir op de rotsen mei har ljochtsinjaal it sein ‘feilich’ jaan soe as de oare fjouwer neffens ôfspraak yn harren Zodiac hjir oan lân komme soenen.

Dat wie op 22 maart 1984, yn de jûntiid. Yn it tsjuster stienen de swierbewapene plysjes ûnsichtber opsteld achter Rosa. Foar de wissichheid hienen se it lokaas de ankels oan elkoar bûn en oan in tou fêst, sadat se net útnaaie koe. Doe’t de frou har bûslampe skine liet en de mannen hoeden oanfarren kamen, waarden se binnen in pear tellen delmitrailleure. Rosa oerlibbe omdat ien fan de plysjes sa’n hurde snok oan it tou joech dat sy delklapte op de rotsen, flak foar’t it sjitten begûn. Folslein yn shock moast se mei de sikenauto ôffierd wurde.

Soe se hjir noch yn de buert wenje? Hiel miskien wie it wol de frou dy’t my niiskrekt temjitte kaam. Draaft se hjir noch alle dagen del, soargjend dat se foar it delgean fan de sinne thús is. Kin se allinnich noch mar rjocht foarút sjen, blik op ûneinich, omdat se op ‘e rin is. Moat se altyd mar draven bliuwe om net ynhelle te wurden troch har skiednis.

Mar it befrijd wêzen fan it tou om har ankels, dat sil har goed dwaan.

Sera.

image1

Karen Bies
Geschreven door
Eindredacteur en coördinator Finster op Fryslân, programmamaker Omrop Fryslân.

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>