Hein Jaap Hilarides nei Slovenië

Hein Jaap Hilarides is troch de Fryske sjuery fan Oare Wurden / Other Words útkeazen om yn septimber-novimber 2017 yn de Sloveenske stêd Maribor te wenjen en wurkjen. Fan de fjouwer ynstjoerde foarstellen fûn de sjuery it skriuwplan fan Hilarides út St.-Jabik ynhâldlik it sterkst. Oare Wurden is in netwurk fan kreative plakken foar Europeeske skriuwers yn minderheidstalen. Op dit momint is de Biltske sjoernalist Gerard de Jong yn San Sebastian om te skriuwen.

De sjuery oer Hilarides: ‘Fan de fjouwer ynstjoerde foarstellen joech dat fan Hein Jaap Hilarides blyk fan de grutste urginsje en de measte djipgong. Net allinnich hat Hilarides in deeglik en goed útwurke ramt foar in literêr produkt delsetten, mar ek pleatst er it yn in grutter ramt fan ynternasjonale ûntjouwing en Europeeske ienwurding. Hilarides leit in sterke ferbining mei de doelstellingen fan Oare Wurden om (minderheids)talen en de byhearrende kultueren te beljochtsjen en de wearde en betsjutting dêrfan sichtber te meitsjen.’

Hein Jaap Hilarides (1969) is skriuwer en muzikant. Hy skriuwt yn it Frysk, Biltsk en Nederlânsk. Koartlyn publisearre er syn nijste roman De Trekker fan Troje. Yn 2014 ferskynde Stimd Slik, in boek mei Biltske gedichten fan him en lânskippen fan Hendrik Elings. Hilarides is kollumnist foar de Bildtse Post en skriuwt foar it tydskrift De Keatsfreon. Hy treedt geregeld op mei poëzij en/of muzyk. Foar Stimd Slik en oare ynspannings foar it Bilt(sk) krigen Elings en Hilarides de Bildtse Kultuurpriis 2014.

Yn Maribor sil Hein Jaap Hilarides wurkje oan syn nije roman. Hy ferdjippet him fierder yn de skiednis fan de famylje Wassenaar út De Trekker fan Troje en giet werom nei de perioade 1890-1970. De beppe fan haadpersoan Friso is fan Dútske komôf. Sy komt út Stiermarken, de âlde regio om Maribor hinne (it eardere Marburg). Yn de jierren tritich troude se mei de pake fan Friso en kaam nei Fryslân. Mar hoe seach har jeugd derút? En hoe hat se it kontrast belibbe tusken Fryslân yn de jierren tritich en de Twadde Wrâldoarloch en de Dútske mienskip yn Maribor yn de tiid fan de Earste Wrâldoarloch en de jierren tweintich. Om dat goed beskriuwe te kinnen sil Hilarides Maribor en omkriten ferkenne en dêr histoarysk ûndersyk dwaan.

Karen Bies
Geschreven door
Eindredacteur en coördinator Finster op Fryslân, programmamaker Omrop Fryslân.

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>