Sera #3  Sarri, Sarri

De Fryske sjongeres Sera is yn San Sebastian om ideeën op te dwaan foar nije nûmers. Har blog lêze we hjir by Finster. Sera ûntdekt in skriuwer fan Baskyske lietteksten: Joseba Sarrionandia, koartsein Sarri. Net ien wit trouwens wêr’t hy no is. 

Tusken it rûzjen fan de see en it konstante wauweljen fan de minsken op de boulevard hear ik ynienen laitsjende bern. Ik skrik derfan op, begryp dan dat se wille hawwe om my. De eagen hâld ik ticht; troch myn lidmaten ien foar ien foarsichtich te beweegjen krij ik stikje by bytsje in byld fan hoe’t ik derby lis, hjir yn it sân fan de Kontxa Hondartza, dat prachtige strân midden yn de stêd. En ik begryp wêrom’t de bern spotgniizje. Ik lis heal op ‘e side. Myn linkerearm leit langút, in finger wiist noch fierder. De skonken lizze yn in foarm dy’t tinken docht oan sa’n kryttekening op strjitte fan it silhouet fan immen dy’t krekt delsketten is. Myn rjochterhân leit om myn boarst. En slimmer noch, it linkerear kribelt fan it speeksel dat my út de mûle weirûn is, oer it wang nei it earlel. Dus ik haw echt yn ‘e sûze west. Fluch fei ik myn gesicht skjin en lis myn hannen werom – ik hoopje mar dat ik yn myn ôfwêzigens net al te nuver dien ha.

De bern sette ôf. Foarsichtich doar ik no krekt de eagen iepen te dwaan. Myn lange jurk is omheechlutsen oant boppe de knibbels ta, sadat de berchskuon der noch nuverder by ôfstekke. Sels hâld ik fan de kombinaasje fan in galante jurk mei de bonkige Meindls, hielendal as ik op in moaie dei lykas hjoed in ein troch de stêd kuierje wol, mar ik kin my yntinke dat ik útlake bin. God, ik lis der sa ek by as lang gjin hûndert punten, of as in model foar in fotograaf mei in wol hiel perverse kreativiteit.

Ik leau dat ik dreamd ha fan Sarri. It deuntsje ‘Sarri Sarri’ sit my al twa dagen yn ‘e holle. Ferskillende artysten hawwe it songen, de útfiering fan Ruper Ordorika fyn’k it moaist. Sarri is de hofleveransier fan teksten foar Baskyske sjongers. Sûnder dat dat syn bedoeling is, trouwens; mar syn gedichten binne sa moai en goed sjongber, dat se in rike boarne foarmje foar al dat muzyk makket yn it Baskysk.

Sarri – eins hjit er Joseba Sarrionandia – libbet en skriuwt noch altyd, mar nimmen wit wêr. Eartiids died er dat gewoan yn syn heitelân. Hy wie in echte beweger, en beweegde himsels stadichoan mear nei de beweging ta dy’t yn oarloch wie mei it Spaanske regear. En dus waard er oppakt en fêstset. Fanwege lidmaatskip, mear net.

Mar hy ûntsnapte. Op in wize dêr’t de Basken noch altyd de grutst mooglike wille om hawwe. By in konsert dat yn de finzenis jûn waard, ferstoppe Sarri him yn ien fan de grutte lûdsprekkers, en wist sa fia de artystenyngong it boevekompleks út te kommen. Hy slagge deryn it lân te ferlitten, en sûnt dy memorabele 7 july 1985 wit nimmen offisjeel wêr’t de man omswalket. It is him noch altyd net tastien om werom te kearen nei syn bertegrûn.

En sa is Sarri in soarte fan ghostwriter wurden foar it Baskyske folk. Hy makket gedichten oer syn libben yn ballingskip, skriuwt moaie ferhalen, en is stadichoan in myte wurden. Sjongers sjonge oer him, skriuwers skriuwe oer him, politisi fergaderje en it folk praat oer him.

Sa’t de Basken dreame oer it weromkommen fan Sarri, sa haw ik dreamd oer syn fuortbliuwen. Want soe it wol sa’n goed idee wêze om ea werom te kommen? Soe dat net in teloarstellend ein meitsje oan it mytyske ferhaal dat it no is? En soe dat Sarri miskien wjerhâlde fan in reüny mei syn publyk? Ik tink dat er bliksemse goed wit dat der tsjinoer de gloarje fan Nelson Mandela hiel wat oaren stean – minsken dy’t harren hillige aureool hiel fluch kwytreitsje as de leginde ferwiksele wurdt foar de nije realiteit.

Dus myn advys oan Sarri soe wêze… mar ja, wa bin ik? Salang’t ik der sa by lis as hjir no op it strân, nimt nimmen my serieus. Better ek mar, miskien. Dat myn namme ek mar in hiel lyts bytsje fan dy fan him hat, is al moai genôch.

Sera.

Sera

Karen Bies
Geschreven door
Eindredacteur en coördinator Finster op Fryslân, programmamaker Omrop Fryslân.

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>