Sera #1 De Partizaan

De Fryske sjongeres Sera is in skoftke yn Spaansk Baskelân, om ideeën en ynspiraasje op te dwaan foar nij wurk. Hjir, by Finster, kinne har fans op ‘e hichte bliuwe fan har ûnderfinings yn San Sebastian, kulturele haadstêd yn 2016. 

De Partizaan

‘Presoa etxera, amnistia’, stiet mei grutte kalkletters skreaun op de pier dêr’t dit festivalterrein oan de baai op útsjocht. Dat de Baskyske finzenen mar gau wer thúskomme meie, is it driuwende appèl op it Spaanske regear. As se straf ha moatte fanwege guerilla-aktiviteiten tsjinoer de steat, allá; mar lit se dy dan útsitte yn de buert fan har eigen famylje en freonen, ynstee fan se sa fier mooglik by har bertegrûn wei te hâlden.

It is ien fan de grutste kwestjes yn de Baskyske maatskippij, op dit stuit. Al in pear jier swije de wapens, lizze bommen wei te rotsjen yn de grotten, fiele de minsken har ferromme dat se yn alle rêst yn in beskate foarm fan eigenheid frij libje kinne. Dêr binne se hiel wiis mei, jawis, mar soenen harren soannen no dan asjeblyft weromkomme meie, sa stadichoan? Yn alle strjitten hingje flaggen mei dizze eask.

It folk dat hjir oan de baai omspaant sjocht der oars net al te striderich út. It is krekt as op alle festivals: burden, tatoos, earbellen yn alle kleuren en foarmen, en in wytlucht dêr’t Armand noch fan opstiigje soe. De jongen dy’t niiskrekt noch besocht in flirt mei my oan te gean hat al syn ynteresse yn my ferlern, nei’t er myn fragen oer de kalkletters beantwurdzje moast. Miskien hat er gelyk. Foar in frjemdling hat sa’n ferhûddûke striid wat romantysks en spannends, foar de eigen minsken is it in geswel dat je de siken benimt – foaral as je der hieltyd wer oer prate moatte. Ik beantwurdzje syn desynteresse mei in stap tebek en stifelje dan wat fansiden, om mear fan it optreden mei te meitsjen.

De muzyk fan ‘Txiki & arraksta’ klinkt wat as dy fan Blaudzun, en it burd fan sjonger Txiki docht aardich mei yn dy ferliking – allinnich wit ik net oft Blaudzun der ek blauwe en giele kraaltsjes ynhongen hat. De sound is swier, de teksten ek. Tenminsten, dat tink ik. It klinkt as sjongt Txiki oer wichtige saken fan gerjochtichheid ensa, en net oer sok triviaals as de leafde. Mar ik ferstean der gjin wurd fan. Tusken twa nûmers troch besykje ik in frou njonken my oan de mouwe te lûken, mar sy hat gjin nocht yn my. Dan konsintrearje ik my mar op wat ik sjoch. In wat âldere gitarist dy’t noch altyd yn syn swartlearen broek past, al sil de knoop miskien los moatte. Hy spilet fet, mar moai. De band draait dúdlik om de gearwurking tusken him en Txiki. Oan ien tried troch hawwe dy twa kontakt en stimme harren gitaarspul op elkoar ôf: dan soleart de ien en docht de oar wat akkoardewurk, dan wer oarsom. Drummer en bassist lykje allinnich mar ynhierd te wêzen om wat flier ûnder de muzyk te lizzen, en ha de ynstruksje meikrigen it sa simpel mooglik te hâlden, tinkt my.

Dan docht Txiki syn gitaar oan kant, nimt de mikrofoan yn de hân en sjocht de seal yn. It wurdt stil. Hy begjint te praten. It publyk laket en klapt. Wanhopich sjoch ik nei myn buorfrou. Se begrypt myn fraach.

“He just said he’d like to congratulate his collegue for winning the Nobelprice. He means Bob Dylan.” Ik gniis. Txiki praat fierder. Ik hear wat kwasi-boegerop en applaus. “He sais actually he doesn’t like Dylans style. He’s got another favorite singer.” Ik knik. De drummer set in ritme yn op snaredrum, triuwend en driuwend. De bassist pakt it op. Dan begjint de gitaar sachtjes en heech te sweefgûlen. Txiki docht de mikrofoan werom yn de standerd, mar lit de gitaar lizze. Hy bliuwt stil stean, begjint dan op lege toan te sjongen, driigjend.

It duorret eefkes, dan besef ik dat ik de melody ken. In pear rigels haw ik nedich om de boel te plak te krijen. It publyk begjint ynmoedich mei te neurjen. Yn stilte doch ik de Ingelske tekst mei. It kloppet. Dan soe aansen it twadde part yn it Frânsk wêze moatte, sa’t Leonard Cohen dat sels ek die.

Txiki docht it. Les Allemands étaient chez moi / Ils me dirent ‘resigne toi’ / Mais je n’ai pas peur / j’ai repris mon arme. It publyk falt stil, ik begjin mei te sjongen. It klinkt hjir folle moaier as thús. De jonge dy’t gjin sin mear yn my hie, sjocht my fan in ôfstantsje oan. In foarsichtich glimke gunt er my.

Ik glimkje werom. Foarsichtich, ek.

Sera

image1

Karen Bies
Geschreven door
Eindredacteur en coördinator Finster op Fryslân, programmamaker Omrop Fryslân.

1 reactie

  1. https://www.youtube.com/watch?v=765sC3UBKSA

    L Cohen.
    Als op een druilerige ochtend in Boer.

    J’ai changé cent fois de nom,
    J’ai perdu femme et enfants,
    Mais j’ai tant d’amis,
    J’ai la France entière,

    Freedom soon will come!

    Reageer

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>