Showtime! #9 Yme

Yme is drummer by de Harmonie yn Weidum. Hy is op de foto setten troch Tryntsje Nauta. Foar Finster op Fryslân is sy begûn mei it projekt Showtime! It binne portretten fan leden fan Fryske showbands. Tryntsje wol graach de kultuertradysje sjen litte. Fan de foto’s wurdt uteinlik in boek makke. 

namme: Yme

leeftyd: 17

muzykferiening: Harmonie Weidum

ynstrumint: foaral drums, mar ek snares

skoalle: lêste jier HAVO fan it Leeuwarder Lyceum

Ik bin drummer, mar spylje ek snares en eins fan alles. Ik sit by de malletband en by de fanfare fan de Harmonie.

Yn it begjin wie it drummen foar my enerzjy kwytreitsje, der op omhouwe. Mar der komt mear djipgong yn. As drummer bist in bytsje de lieder, los fan de dirigint. Sessydrummer wurde liket my superleuk. Dan wurdst bygelyks foar grutte eveneminten frege, lykas The Passion, mei de bêste drummers fan it lân. Ik bin no oan it sjen oft de popakademy wat foar my is. Persoanlik hâld ik fan lûde muzyk, mar ik fyn Bløf ek hielendal te gek.

Hast myn hiele famylje sit by de Harmonie. We dogge gjin shows, mar wol optochten. Lykas by doarpsfeesten, Sinteklaas of de iepening fan in Elfstedentocht. It is in leuke groep, mar op dit momint sit de malletband wat yn in krisis. Der binne de ôfrûne jier in stik as 7 jonge leden opholden. We ha dus wol ferlet fan nije jeugdleden. Mar we wurkje der hurd oan. It is in domperke, mar dêr komme we wol wer boppe op! We hawwe ambysje en as muzykferiening safolle leuke projekten, dat moat goed komme.

Yme fan de Harmonie yn Weidum. Foto: Tryntsje Nauta

Tryntsje Nauta
Geschreven door
Tryntsje Nauta is fotografe en byldzjend keunstner. Se hat û.o. de fotoboeken ‚Oranjekoek’ en ‘De Zee Roept’ útbrocht. Minsken stean faak sintraal yn har wurk. Se wurket oan frije projekten en yn opdracht.

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>