Lars yn Showtime! #8 Tryntsje Nauta

Lars spilet by de showband fan Menaam. Hy is fotografearre troch Tryntsje Nauta foar har projekt Showtime! Finster op Fryslân pleatst de portretten, en letter wurdt der in fotoboek fan makke by de Afûk.

namme: Lars

leeftyd: 12 jier

korps: CMH Menaldum, sûnt 2,5 jier

ynstrument: snare drum

skoalle: 1e klasse, AMS Franeker

Myn broerke, myn beide neven en myn nichtsje sitte by it showkorps. Meastal bringt heit ús fanút Tsjummearum nei Menaam en hellet myn omke of tante ús wer op. Myn nichtsje gong by de colorguards. Har broer gie doe op trompet en it like my ek leuk. Ik woe graach drumme. Dêrnei is myn broerke der noch bykommen hy spilet base drum. Myn broerke is de jongste fan it korps, hy is 11. Ik tink dat de âldste ergens yn de 70 is.

Ik bin opgroeid mei drummen, myn heit drumt ek, ik ha it fan him leard. Hy siet froeger by DTO Tzummarum, mar dat bestiet net mear.

Drummen is hartstikke leuk en ik fyn it gewoan super dat je dat oan oare minsken sjen litte kinne. De showrepetysjes binne ek leuk, dan is der noch wer mear in útdaging by. It leafst soe ik hjir yn trochbrekke. Mar ik wit net of dat gebeurt. It liket my prachtich dat ik der myn berop fan meitsje kin. Myn broerke is presys itselde. Us mem wurdt der net altyd sa bliid fan. We sitte oeral op te slaan en op te drummen.

Heavy metal is myn leavelingsmuzyk, dêr bin ik ek mei opgroeid.

Lars, showkorps CMH Menaam Foto: Tryntsje Nauta

Tryntsje Nauta
Geschreven door
Tryntsje Nauta is fotografe en byldzjend keunstner. Se hat û.o. de fotoboeken ‚Oranjekoek’ en ‘De Zee Roept’ útbrocht. Minsken stean faak sintraal yn har wurk. Se wurket oan frije projekten en yn opdracht.

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>