Showtime! #5 Hidde

Hidde spilet trom by showkorps de Marko’s yn Burgum. Hy is op de foto setten en ynterviewd troch Tryntsje Nauta. Sy portrettearret leden fan Fryske showbands mei as doel de kultuerhistoarje te toanen. Uteinlik wol se der in boek fan meitsje by de Afûk. Finster op Fryslân lit de portretten sjen. Dit is Hidde.

Hidde, 8 en-in-heal jier

Groep 5 van basisskoalle de Arke in Burgum.

Korps: De Marko’s, Burgum

Ynstrumint: trom

Hidde: ‘Mem kryg in app’ke fan de Marko’s en frege oft ik ek op drummen woe. Doe sei ik fan ‘jawol’. Mei in pear freontsjes bin ik der by gien. Ik sit der no mear as twa jier by. De jeugdband fan de Marko’s hat ûngefear 10 leden. It klinkt leuk en ik fyn it ek leuk om iets mei myn hannen te dwaan. En ik fyn muzyk meitsjen hiel leuk!

De moaiste ferskes fyn ik de Verwisselmars en de Paukenmars. Minder leuk fyn ik ‘Follow me’, der reitsje ik steeds it ritme kwyt. Omdat de snare hiel snel spilet en de doffe trom wat stadiger, reitsje ik de tel kwyt. It rinnen is soms ek in bytsje lêstich. Je moatte mei rjochts begjinne, mar ik begjin faak mei links.

It is hiel leuk by de Marko’s, we hawwe ek knutselmiddeis en bingo. Lêsten ha wy oant skatsykjen west yn Bakkefean. Yn de simmer ha we by it Iepenloftspul ‘Dwerskop’ by it nije akwadukt yn Burgum spile. We wiene sminkt en ferklaaid. Doe mochten we ûnder it akwadukt troch rinne en in ferske spylje. Dat klonk hiel moai.’

Hidde, showkorps de Marko’s yn Burgum. Foto: Tryntsje Nauta.

 

Tryntsje Nauta
Geschreven door
Tryntsje Nauta is fotografe en byldzjend keunstner. Se hat û.o. de fotoboeken ‚Oranjekoek’ en ‘De Zee Roept’ útbrocht. Minsken stean faak sintraal yn har wurk. Se wurket oan frije projekten en yn opdracht.

Laat een reactie achter

Jouw email adres wordt niet gepubliceerdVereiste velden zijn gemarkeerd met een

You may use these HTML tags and attributes: <a href="" title=""> <abbr title=""> <acronym title=""> <b> <blockquote cite=""> <cite> <code> <del datetime=""> <em> <i> <q cite=""> <s> <strike> <strong>